Ik sit yn in grot folle trein. De reizgers sitte hast by inoar op‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean.
Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza út de doaze te plúzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hannen gear. Der wurdt wat om har hinne gnize. Mar ik ha grut respekt foar har. Dat se dat doare mei al dy minsken om har hinne. Soe ik dat dyn ha?
Us keninginne en har skoandochter dogge in holledoek om as sy in moskee besykje. Wat is der no op tsjin? Sy toane respekt foar de gebrûken fan it lân.
De Amish yn Amerika wolle gjin reflektearene plaatsjes op hun hynder en wein ha. Der wurdt bespotlik oer dyn. Oké, foar de feiligens wie it better oars fansels.
En sa giet it mar troch.
Wer is de tolerânsje bleaun wer`t ús lân bekend om wie? Oer dizze ûnferdraachsums meitsje ik my somtiden soargen. Soene wy der net tsjin yn opstân komme moatte?
Typysk gefal fan ‘tidenhawwetiden’, bin ik bang. Ik frees dat it net te kearen is…