Dôvens Wat?

Wat sei sto?” Hûnderd kear deis hear ik dat.

Ik sit yn in leeftiidsk kategory dat in hiel soarte minsken om my hinne dôf wurde. In diel derfan ontkent dat sy der lêst fan ha, se wolle der net oan ta jaan. As net wêze wolle want dan lit jo blike dat jo net mear de jongste binne.

Sa ek myn man.

Dat hy hurdhearrich waard woe hy neat fan witte. It lei him oan my, ik prate net dúdlik genôch.

Geregeldwei kom ik by in freon fan ús. Hy seit : “It sil wol oan dy lizze.”

Sa ek in freondinne dy tinkt dat sy tweintich bliuwt en net oan âlderdomskwalen docht. Myn mem woe der ek net oan mar dat hong er fan ôf welke fragen ik stelde. Utsein as ik nei har sinteraasje frege, dan hearde se alles.

Skynber is it dreech om by it âlder wurden dit soarte ûngemakken te akseptearjen. Sa hat myn man in ûnmooglik lyts gehoarapparaatsje krigen, yn’e grutte fan in grauwe eart, want hy is ek noch tige idel.

Wy kinne tegearre wer prate sûnder dat de buorren mei genietsje. Wat libje wy yn in moaie tiid wat de technyk oanbelanget, net ien hoecht him mear te sjenearjen.

LÊS EK:  Brunch
  • Dy wurde hieltyd lytser, alle apperaten. Dus sa’n eart kinst noch wol mei rinne, net ien dy’t it sjocht. Mar ja, no hat er gjin smoesjes mear fansels.
    En dan in rollator, myn heit woe echt net mei dat ding op strjitte rinne. Dat probleem kinst ek wol miskien.
    Moai stikje wer.

  • >