Aldjiersgrappen

Foto's: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Der giet wer in hurde knal, ús hûn spat by de glêzen op. Hy net allinne, mar ek wy skrikke ús by tiden hast dea. Al dagen giet it sa. “Wer is ús wykplysje?“, freegje wy ús ôf. Sokke dagen gean faaks myn tinzen nei myn doarp werom. Ik hie twa bruorren dy dan mei … Read more

Twa Bar

Ik ha gjin waarm wetter!“, rop ik ùt de keuken. It is twadde krystdei en der stiet in brot ôfwaskjen op it oanrjocht. Ùt de keamer ropt der ien: “Doch it dan mei  kâld…” Mar mei dy fette troep is dat gjin opsje. In soan seit: “Ik sil efkes sjen.” Ik hear in protte geheister boppe … Read more

Sparje

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net kieze. De iene nei de oare klant komt mei fragen dêr’t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet. Ik wit wól, dat leit oan my. As ik sa de minsken praten hear, dan betink ik mysels yn it … Read more

Leadjitter

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is… Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  “Nr. 1 is foar is … Read more

Klokken

It hearren en sjen fergiet je as de pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan‘e toer út myn doarp. Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nijs te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellinde mist. Mar ik ha … Read more

Macula

Der sitte wy dan, myn man en ik yn in wachtkeamer fan in hiel grut each sikehûs. Ik sjoch ris om my hinne. Soe der ek in bekende by wêze? Mar hoe soe dat ek? Dy minsken komme allegearre út it westen. Mar stik foar stik ha sy in ferbân foar it each. De iene … Read more

De brêgewachter

In soan fan ús hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtich wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken.

Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wer wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en túnmodder. Se kamen dan altyd efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ûntstie er in wisse freonskip.

Der waard him fan alles ta betroud. Húshâldlike problemen thús as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleaunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.

Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.

Nim no bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkekarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de húshier; sy kamen eltse moanne lâns.

Om dan mar oer de postboade te swijen… Wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem: ”Jo krije moarn in iter..” Dat hie hy al fêst mar lêzen.

Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre fuort, de sosjale earmoed kaam der foar yn `t plak.

Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ús bestean.

Ferjit se net!

Read more

Smoke

Binne jo ek in smoker? Wat mysels oangiet: ik moat it earlik ta sizze… ja. Mar sa as elke ferslave sis ik:  ‘Ja, ho es efkes, ik bin mar in smoute smoker!’ Mei oare wurden: it hat neat om‘e hakken. Sa folle smook ik net. Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar … Read more

Memmetaal & it Heitelân

Wat is jimme taal? Is dat Frysk? As prate jimme Nederlânsk? Myn bertetal is Frysk en der bin ik grutsk op. Werom? Dû ik berne waard sei myn mem: “Wat binne wy bliid mei dy”.  Dû de grutte leafde yn myn libben kaam sei hy: “Ik hâld fan dy”. Dû myn heit stoar wiene syn … Read more

Unferdraachsumens

Wat is er dochs mei ús wrâld oan’e hân? Hoe kin dat no dat der sân ûnferdraachsumheid tusken folken bestiet? No wurde de Kopten -kristenen- út Egypte wer ferfolge en bedrige. Altyd is er wol earne op de wrâld geweld tsjin minsken dy oars leauwe as oars tinke. Mar wy kinne der ek wat fan. … Read more