Aldjiersgrappen Tiden Hawwe Tiden

Der giet wer in hurde knal, ús hûn spat by de glêzen op. Hy net allinne, mar ek wy skrikke ús by tiden hast dea. Al dagen giet it sa.

“Wer is ús wykplysje?“, freegje wy ús ôf. Sokke dagen gean faaks myn tinzen nei myn doarp werom.

Ik hie twa bruorren dy dan mei hun maten der op út gongen. In pear grappen kin ik my noch klear foar de geast helje.

De Boanstertoer moast in skoft yn de stegerkes en der mocht net let wurde. Dat wie al in hiel lang sa, de Boarnsters misten it slaan fan de klok en it lieden by begraffenissen.

De knapen lieten hun opslute nei de aldjiers tsjinst en om tolve oere begûn de klok te lieden. De koster yn panyk en al gau kaam de plysje er by. Mar net ien koe yn de tsjerke komme; alles wie op slot.

Al gau stie it swart fan de minsken en begûn min te applaudissearjen. Op in oare kear ha se in buordsje by in parkje wei helle en by it tsjerkepaad del setten.

Op it buordsje stie: “Ien stap tebek en jo binne wer op it goeie paad.”

Wat hie it tsjerkefolk in wille doe sy der lâns kamen. Sa kin ik noch hiel wat anekdoates fertelle mar foar dit stikje soe it te lang wurde. Wer bliuwe de aardich ûnskuldich grappen, hjoed de dei?

Der giet wer in grutte knal. De hûn sjit ûnder de tafel en myn man smiet syn gehoarapparaat fuort.

LÊS EK:  Boelguod

Somtiden wurd ik nostalgysk as ik oan dy tiden werom tink. Soe dat de âlderdom wêze?

BOPPESTE FOTO: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

>