Optimisme

It is sneintemoarn, 11 oere. Wy sitte foar it programma Business Class, myn man en ik. Hy hâld fan dat programma want hy komt ùt it sakelibben. It seit my net safolle. Meastal giet it my boppe de pet. Mar nò wie âld minister Wiegel yn byld. Hy brocht in winsk ùt op de Nederlânske … Read more

Samlings

Noch ien plakje op de finsterbank en dan moat ik écht ophâlde.’, seit se. Rûnom stean hynders troch it hiele hûs hinne. Sels op de planke yn it skythúske. Ik bin op besite by in freondinne en ha sa’n hynderke meinaam. Sy sammelt se sawol yn it grut as yn it lyts, fan hout en … Read more

Twa Bar

Ik ha gjin waarm wetter!“, rop ik ùt de keuken. It is twadde krystdei en der stiet in brot ôfwaskjen op it oanrjocht. Ùt de keamer ropt der ien: “Doch it dan mei  kâld…” Mar mei dy fette troep is dat gjin opsje. In soan seit: “Ik sil efkes sjen.” Ik hear in protte geheister boppe … Read more

Kulinêr

“Wat sille jimme ite mei de kryst?“, wurd my dizze dagen gauris frege. Wat is dat hjoed de dei wichtich wurden tink ik dan by my sels. En dan komt de swierrichheid; ik bin hielendal net kulinêr oanlein. Ik bin mear fan de gewoane pot. En ik moat sizze myn man en bern kleie noait. … Read more

Pankoek bakke

“Atsje, wy moatte pankoek bakke.“ It is âlve oere jûns yn it lèste jier fan de oarloch. Willemke, ùs buorfrou, stiet midden yn de keamer mei de pankoekspanne yn oanslach. Ik ha allegear minsken ùt it westen by de doar dy honger hawwe. En sa stean se tegearre oan ‘t fier yn de nacht te … Read more

Leverkleurich

“Ik wol in muorre yn de keamer in oare kleur jaan.“, sis ik tsjin myn man. Hy sjocht om him hinne. “It sjocht der oars noch kreas ùt.” Ik wit dat hy tsjin it gedoch opsjocht.Mar ik ha dat nò ienkear yn de holle, en dat is in mankemint, dat wit ik en dan moat … Read more

Kammeraten

Sûnt ik myn nije oankeap -in blèdsûger/blazer– yn gebrûk ha, ha ik kammeraten krige. Ik bin nò ien fan har wurden. De lju fan it grienûnderhâld ùt ùs omkriten besjoche my nò as hun gelikense. Wy binne drok dwaande, sy yn de blommeperken en ik yn de tùn. It is in kabaal fan je welste, hearren … Read more

Blèdblazer

“Ik wol in blèdblazer…“, sis ik tsjin myn man; “Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget.” “Moat dat nò?“; freget er mei in grutte tear yn syn holle; “Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken.” “Ja“, sis ik; “mar ik moat  it allegearre beskreppe.“ Ik  begjin my te ferdedigjen. “Wist wol wat … Read more

Wyksuster

Dèr fleant se wer hinne, op `e fiets troch ùs doarp: de wyksuster. Waar as gjin waar, sy hearde yn it doarpsbyld. Ik sjoch se noch by ùs thus kommen yn in grize as blauwiche jurk mei wite skelk en in wite doek om ‘e holle. Dèr kaam noch by, se wie fan Surinaamse ôfkomst … Read more

Ùtlitte

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel … Read more