Twa Bar

Ik ha gjin waarm wetter!“, rop ik ùt de keuken. It is twadde krystdei en der stiet in brot ôfwaskjen op it oanrjocht. Ùt de keamer ropt der ien: “Doch it dan mei  kâld…” Mar mei dy fette troep is dat gjin opsje.

In soan seit: “Ik sil efkes sjen.” Ik hear in protte geheister boppe myn holle. Wy hawwe in djippe kast op de oerloop en der sit de ferwarmingstsjettel. Dy  kast moat earst hielendal leech. As dat allegearre achter de rech is lizze wy beide op ‘e knibbels . De soan seit; “Der moat wetter by. De pylk stiet op minder dan twa bar.” It seit my neat as stie hy ek op hûnderd. “We sille him foldwaan,” seit er; “mar wer moat de slang oan? Moat dat ding nò yn de badkeamer as yn de kast oan de kraan?

Hy skillet mei in freon ùt it westen. Dy wol him altiid helpe. De freon jowt oanwizingen yn in technyske taal wer`t ik neat fan begryp. Myn soan wol,  dus gean wy wer op de knibbels foar it apparaat lizzen. Ik fyn it nammers wol gesellich. Ik sjoch him net sa faak en foaral net yn dizze ûngebrûklike hâlding. Mar wat wy ek doche: it jouwt neat. Gjin waarm wetter.

Fanne moarn ha ik in monteur skille en geduldich lei hy my ùt wat it euvel wie. “Jo hawwe sels de kwaal feroarsake,” sei hy; “jo hiene it wetter op tijd bijfolle moatten.” Wat in aerdiche jonge wie dat..  neat gjin ferwiten mar ùt lein wat ik fertaan dwaan moat (..)

Nei in pear bakjes kofje en gebak lit hy twa opteine minsken achter. Dus it moat twa bar weze. Dat is wat by my hingjen bleun is.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien