Kulinêr
“Wat sille jimme ite mei de kryst?“, wurd my dizze dagen gauris frege. Wat is dat hjoed de dei wichtich wurden tink ik dan by my sels.
En dan komt de swierrichheid; ik bin hielendal net kulinêr oanlein. Ik bin mear fan de gewoane pot. En ik moat sizze myn man en bern kleie noait. Mar ja, sy witte ek nèt better fansels. Ik bin grutbrocht mei potiten, weake bôle en potstro. En as ik dan nei al dy kulinêre itensprogramma`s op de televyzje sjoch dan tink ik, ik moat in oplieding folgje. Mar sis nò sels: soene dy manlju fan my mei dy liflafjes wol sèd krye!
Dochs moat ik mar by ùs Reitse yn de lear. Dan kin jo lekker ite en ek noch mei in protte wille. Soe hy der wat foar fiele want kulinèr bin ik net… ;-D
2.693
Goeie saak; liflafjes.Besiikje mar es. Prate we dan fjirder.
Of we bestelle een pizza. Ek lekker.
Ik tink nèt dat soks kûlinèr is….