Blèdblazer

Ik wol in blèdblazer…“, sis ik tsjin myn man; “Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget.” “Moat dat nò?“; freget er mei in grutte tear yn syn holle; “Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken.” “Ja“, sis ik; “mar ik moat  it allegearre beskreppe.

Ik  begjin my te ferdedigjen. “Wist wol wat dat my oan energy en fermogens kostet?” Ik begjin -sa as froulju dat allinne mar kinne- op syn gefoel te wurkjen. “Ik bin ek nèt de jongste mear. Dò moast sùnich op my wèze.” “Sa hie ik it noch net besjoen.”, seit er. En ja hear: yn in folder fyn ik in prachtiche oanbieding. En sa kry ik myn man ek entûsjast.

Efkes letter stiet it apparaat klear om yn elkoar set te wurden. Mar dan komt it; myn man kin net ùt de ynstruksjes wiis wurde. It stiet er yn alle talen mar nèt yn it Nederlânsk -lit stean yn it frysk-. En ik bin ùt noch yn nèt technysk. Mar wer nei buorman Geart ta.

Minske,” seit er; “Dat ding is fierste grut foar jo. Dit is in apperaat foar de gemeente.” Hy leit ùt dat ik in feilichheidsbril op ha moat, doppen yn de earen en moffen oan. En dan moat ik it  hiele saakje op myn rech fèstbine. 

Sille wy him mar op Marktplaats sette?“, freegje ik myn man…

2 Comments on “Blèdblazer

  1. Tige grappich. Ik sjoch it hielendal foar mij 😉

  2. Pingback: Kammeraten « Tiden hawwe Tiden

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien