Leverkleurich

Ik wol in muorre yn de keamer in oare kleur jaan.“, sis ik tsjin myn man. Hy sjocht om him hinne. “It sjocht der oars noch kreas ùt.” Ik wit dat hy tsjin it gedoch opsjocht.Mar ik ha dat nò ienkear yn de holle, en dat is in mankemint, dat wit ik en dan moat it op stel en sprong barre.

Hjir en dèr freechje ik freonen wat kleur sy moai fine. Ik sis tsjin myn broer: “Wat fynst sto fan in reade kleur?” “Oh nè..”, sei er; “dat is âlderwetsk. Us mem ferve alles read. Ek de flier.” Want dat wie dû de goedkeapste ferve. Ùt einlik kom ik by de soan ùt. “Mem moat in leverkleur dwaan.” In buorjonge wol it wol foar my dwaan, hy sit dochs sûnder wurk. Ier en betiid helje ik de keamer leech. Steande wei drinke myn man en ik kofje. Njoggen oere soe de buorjonge der wèze. It wurd letter en it baarnt my yn. Ik sil mar begjinne, dan kin hy aanst fjirder gean.

It sjit al aerdich op mar dan ien ienen stiet hy yn de keamer. Hy hat him ferslept. Ik bin wat nidich mar sis behearske; “Jonge, ik red my wol.” Noch heal wekker giet er fjoart. Hoe fjirder ik kom, hoe donkerder it om my hinne wurd. Ik treast my; it droeget fèst wol wat ljochter op. Ik sjoch grutsk om my hinne dat ha ik dochs mar efkes wer prestearje. Allinne moat der yn ‘e hoeke noch nije steande lampe by. “Is dat nedich?“; seit de man. Wat ha wy nò in moaie keamer mei skilderijen dy prachtich ùt komme tsjin in leverkleuriche eftergrûn.

Hoe fynst it?“, freechje ik.

Ik ha it wol es minder sjoen…

En ik? Ik kin yn dagen myn lea nèt brûke mar it wie it wurrich.

3 Comments on “Leverkleurich

  1. Goeiemoarn,

    Ik sjoch it foar my, jo moaie nije leverkleuriche muorre. In pracht kleur, mar om no op’e nochteren mage dy panne mei rauwe lever te sjen… bbrrrrrrrrr ik moat der net oan tinke!!

    Ik bin noch hyltyd in grut fan fan jo skriuwsels.
    Groetnis en in noflik wykein
    Sjoerdtsje

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien