Komme

Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: “Mar wy binne dochs krèkt west!”  Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin. In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen … Read more

Wiete fuotten

Ik kom fan bed en bin yn ien klap klear wekker. Myn man hie my al warskouwe; Ollie hat it fan nacht net droech hâlden. Mei dat ik fan de trep ôf op de grûn stap, stean ik op in dweil-troch-wiete flier. Myn earste betinken wie: ‘Dit hat Ollie nèt dien. Dit is fan swierder kaliber….” … Read more

De Sparrebeam

“Kin fan dy beam ek wat tûken ôf?” ropt myn achterbuorman; “… wy ha san rommel fan dy nuddels op it terras!“ Hy komt der mei op in sear stè want ik bin -o sa- wiis mei dy beam. Dû wy hjir jierren allyn kamen te wenjen stie hy der al. It is in pronkje … Read more

Utféart

Foar de doar stean in man en in frou kreas yn it pak. Op myn fraach wert ik mei helpe kin seit de man; “Denkt U wel eens aan uw uitvaart?”  “No nè“, siz ik; “en nò al hielendal net, ik bin oan it itensiden.“ “Bent u  wel verzekerd in geval dat?” “Wat bedoele jo … Read more

Gehoarapparaat

“Wist sto ek wer `t myn gehoarapparaat is?“, freget myn man. “Nè”, sis ik: “ik ha him er nèt yn.” Hy begrypt myn humor net en giet fjirder mei sykjen. Hy hat ûnder de dûs west en dan leit hy dat ding oeral del. Ik sit efter de kompjûter en hear mar heal wat hy … Read more

Stress

Der stiet in monteur foar de doar. Ùs televyzje docht it net mear. UPC hat grut underhâld plege yn hiel de omkriten. Gefolch: gjin byld allinne snie. De man fan it kastje bûten is nearne te finen. Dan mar skilje mar dan begjint de illinde. Hoe lis ik de man oan de telefoan ùt wat … Read more

Fûgelkouwe

Efter hûs yn de tûn ha wy in beamstamme yngroeven. In hiele grauwe stronk fan wol twa meter heech. De soan hie him midden yn de keamer stean foar syn katten. “Dan koenen hja mar om raak klauwe en kliuwe “, sei er; ‘krekt as yn de natûr.‘ Op myn oanmerkings dat dat net koe … Read more

De skilder

Healwei achten stiet er al foar de doar; de skilder. Nei lang hin en wer gepraat sille ùs doarren yn de keamer ferve wurre. It hat my hiel wat koste om it sa fier te kryen. Myn man fûn it net nedich. “Ien dy hurd rint sjocht er neat fan en as it de minsken … Read more

Swier waar

Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: “Jimme moatte der ôf komme..“, seit er; “..it wurd swier waar.” Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn ‘e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in  … Read more

Leadjitter

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is… Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  “Nr. 1 is foar is … Read more