Ùtpûste

“Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.“ En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò [Lês mear »]

Koma

In jonkje en in famke fan om en de by trije jier boartsje mei in poppeweintsje op it trottoir. Dat koe doe noch. Der wie noch net folle ferkear. Ynienen pakt it jonkje it poppeweintsje fan it famke ôf en stekt de dyk oer. En sa komt er ûnder de auto. Swier ferwûne wurd er [Lês mear »]

Untslein

Hy is wer thus. Untslein ût it sikehûs. Unwennich stiet er yn de keamer. “It is hjir oars. Hast de keamer feroare?” Ik moat ta jaan: de wike dat er foart wie ha ik my goed ùt tjirge en alles op ‘e kop setten. It meubilèr stiet oars: banken en tafeltsjes stean op in oar plak. [Lês mear »]

Besikersoere

“Ik bin hjoed oerbeppe wurden!” ropt in âld minske; “Binne  jo ek al beppe?” Op myn nè noch net, giet se troch. Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch [Lês mear »]

De telefoniste

“Atsje, jo krye moarn in iter, hear.“, sei de telefoniste tsjin ùs mem. Yn dy tyd hiene wy yn ùs doarp in postkantoarke mei in telefoniste dy alles wist fan de ynwenners. Sy siet dan yn it kantoar foar in grut boerd mei allegearre gatsjes en razend fluch stuts sy de de stekker yn al [Lês mear »]

Lego

In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne. Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn ‘e [Lês mear »]

Wûnderbaarlikens

“Ik kom thus hear en ik nim noch wat minsken mei want dit fenomeen kinne se hjir net.” seit de dochter ùt Thailân; “Soarget mem foar de slieperij en iten?“ Myn freondinne en ik sitte tegearre oan de kofje. En kinne er net oer ùt: dy heisa om de Alvestèddetocht . “Wat wie dat eartiids [Lês mear »]

Technyske depresje

“Fynst sto it hjir ek sa kâld?” freegje ik myn man. It is sneontemoarn. In noflike moarn; wy moatte neat. Mar hjoed is it oars. De ferwaarming docht it net en dat mei 10 graden ûnder nul. Ik wol nei de steuringstsjinst skilje mar de telefoan docht it net. Dea as in wjirm. Wy hawwe [Lês mear »]

Humoristysk

“As mem in humoristysk andert jout moat mem in laitsjend kopke der by sette. In smiley.” “Hoe doch ik dat en wer kin ik dy smiley fine?” sis ik. “En werom moat dat? Wurden sizze mear as symboalen. As ik fyn dat it humoristysk is dan ha ik der nèt tekens by nedich.” “Mar dat [Lês mear »]

T.N.T. post

“Mei ik hjir wol eefkes wat del sette?” freget de T.N.T. man my ? Foar de safolste kear stiet de besteltsjinst foar ùs doar. Troch dat wy de ienichste minsken yn de omkriten binne dy `t meastal thùs binne wurd er fan alles by ùs yn de gong set. Wat wy sa al yn de [Lês mear »]

>