Koma

In jonkje en in famke fan om en de by trije jier boartsje mei in poppeweintsje op it trottoir. Dat koe doe noch. Der wie noch net folle ferkear. Ynienen pakt it jonkje it poppeweintsje fan it famke ôf en stekt de dyk oer. En sa komt er ûnder de auto. Swier ferwûne wurd er nei it sikehûs brocht.

Nei in wike yn koma lein te hawwen komt hy by. Wy hiene in nije auto kocht, in blau-achtiche Opel. Wy hiene in grutte poster op it fuottenein plakt foar as hy bykomme soe. En mei it fingerke wize hy nei de poster en sei; “Opel…

Wat wiene wy bliid. It hiele sikehûs krige Oranjekoeke. Syn hiele libben hat yn ‘e teken stien fan dy wike koma. Hy hat der in protte fan oer hâlden. Hy wie emosjoneel en driftich. Koe him opwine om neat. Wy hawwe ùs hiele libben rekken mei him hâlde moatten. As er in bist dea gong seine wy dat de kat as de hûn foartrûn wie. Mar it measte hat it syn eigen libben beynfloede. Dochs hat hy fan grutte betsjutting west foar ùs en syn bruorren. (+)

Hy mocht njoggenfjirtich jier wurde.

Wy libje yntins mei it Keninklikhûs mei. Wy hawwe it ommers sels meimakke… 

5 Comments on “Koma

  1. Ja dan wol ik wol leauwe dat by it nijs oer prins Friso, by jo ek alles wer tichtebij komt. Ik kin my begripe dat dy soan altyd in spesiaal plakje hie yn jo hert, júst omdat it in soarchenbern wie.

  2. Maar niet zomaar een zorgenkind.
    Zoiets grijpt diep in en je kunt daar nooit meer aan voorbij gaan.
    Mooi oranje-bitter, zo bitter. Maar dat vasthouden in gedachten en gevoel is dan wat rest.
    Alle dagen lees je iets in de krant over tragisch leed. En waar ik eerder nooit bij stilstond.
    Maar nu, na vorig jaar, kan ik ook niet meer om droefenis heen en is het leed van anderen niet meer abstract.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien