Minsken

Folle seine en frede

troch Posted on 2 Comments 1 min read 537 views

De boadskippen binne yn 'e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme.

Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my ôf. Want dat is dochs it doel fan Kryst: de Man dy ienkear frede brocht yn de wrâld. Ik wit wol, it giet net  om al dy franjes en drokte rûnom dit feest. Mar ha wy noch plak foar Him yn ùs hûzen en yn ùs libbens?

Wit jo wat; ik set er in stoel by...

De lèzers fan myn stikjes en har sibben winskje ik seine Krystdagen en in nij jier fan frede.

Krystfeest

troch Posted on 0 Comments 1 min read 467 views

Wy hiene yn ùs doarp eartiids twa krystbeamen. Ien yn de tùn fan de dokter en in hiele grutte yn de Herfoarme tsjerke. Djip ûnder yndruk wie ik as ik dy prachtiche beamen seach. Yn de beam fan de tsjerke sieten echte kearsen mei sulveren bollen.

Twa man sieten by de beam. Hja hiene lange stokken wer op grutte spûnzen sieten. Ûnder de beam stienen amers mei wetter. Sa nò en dan waarden de stokken yn it wetter dompele. By de ùtgong siet in man fan de brânwacht kompleet mei ùtrissing. Yn stilte hope ik somtiden dat er wat barde soe en de brânwacht yn aksje komme moast mar it betearde altiid goed.

It krystfeest duorre wol twa oeren. Foar it skoft hearden wy nei it krystevangeelje, dernei nei in eigen skrean Frysk ferhaal fan ùs sneinskoale juffer. Ûnder dy lange sit moasten wy as bern nedich pisje en dan sochten wy in plakje ùt op it tsjerhôf want toiletten bestienen dû noch net. Op it ein fan it feest krigen wy waarme poeiermolke en in synappel. Mar ek in prachtich boek fan W.G.van der Hulst.

Thùs diene wy net oan in krystbeam, werom wit ik net, wie it in heidensk gebrûk as wie der gjin jild foar? As wie soks allinne foar de notabele wei lein? Ik wit it net.

It binne dierbre neitinsen fan in lokkiche jeugd ùt myn doarp Âldeboarn.

A.O.W.

troch Posted on 0 Comments 1 min read 497 views

"Wanneer krijgt u het weer binnen?", freget in frommeske my. Ik stean by de kassa fan in grutte supermerk. Se sjocht wat meilydsum nei myn protsje boadskippen op de rinnende bân. "De drie en twintigste zeker?" Ik sjoch har freegjend oan. "Wat bedoele jo?"  "Nou ja de meeste mensen zitten er op te wachten in deze dure weken." "Jo bedoele seker de A.O.W.?", sis ik noch oerstallich. "Ja", seit se; "ik ben afgekeurd en dan komt het wat later."

Yn rap tempo ferteld se my dat sy ùt Amsterdam komt en har hjir osa thùs field. De kassjère kloppet ungeduldich op de kassa en de minsken achter ùs begjinne te fûterjen. Nei in glimke fan begrypjen geane wy ùs eigen wei. As ik efkes letter nei hûs rin, moat ik oan ùs mem tinke. Minister Drees koe it nèt mear by har bedjerre...

En sa moat it ek bliuwe. Nèt ien mei oait oan dizze ferwurvenheid toarne.

Willem Drees

Kryst- en Âldjierswinsken

troch Posted on 0 Comments 1 min read 520 views

"Ik doch dit jier der nèt oan mei...", sis ik tsjin myn man. "Wer oan mei?", freget er. Hy sit mei de holle earne yn in fier lân wer in protte reboelje is. It kostet hânnen fol jild en wat in wurk, gean ik unfersteurber fierder.

Ik ha it oer kryst- en nijjierskaarten. Elts jier sis ik dat. Ik goai it op it jild mar yn wèzen sjoch ik tsjin dy drokte op. Wat foar soart  aansichtkaarten en hoe folle?. En dan de segels noch. Hoefolle sil ik nimme? Twa as fiif fellen? Skoansusters en freondinnen binne al in healjier dwaande. De iene kaart is noch moaier as de oare. It meitsjen fan kaarten is ta kunst ferheve. It is al sa fier kaam dat tusken ferskate makkers de konkurrinsje fûleindich wurden is; wa makket de moaiste?

Ik moat mar wer nei de winkel. It is net oan my bestege. (En dochs docht it my osa goed as immen de muoite nimt om my san prachtiche eigen makke krystwinsk te stjûren)

"Wat seist?" Myn man is yn tiid mei syn tinzen wèr thùs. "O...", sis ik; "Iik bin er al ùt."

Pankoek bakke

troch Posted on 4 Comments 1 min read 1540 views

"Atsje, wy moatte pankoek bakke."

It is âlve oere jûns yn it lèste jier fan de oarloch. Willemke, ùs buorfrou, stiet midden yn de keamer mei de pankoekspanne yn oanslach. Ik ha allegear minsken ùt it westen by de doar dy honger hawwe. En sa stean se tegearre oan 't fier yn de nacht te pankoekbakken. Ik wit net mear wer op , in fjouwer pits petroaljestel as op it duveltsje. Mar de minsken krigen sèd en gongen lèt de neargeastiche nacht wer yn.

En elke kear as ik oan it pankoekbakken bin sjoch ik it tafriel wèr foar my. Mei grutte bewûndering tink ik altiid oan dizze sljochthinne minsken. Mar sy binne wol de pylders west fan it dea gewoan minskewèzen yn oarlochstiid.

"Mei ik noch in pankoek?", ropt myn man?

"Nè..", sis ik; "..do groeist noch es ticht!"

 

Facebook

troch Posted on 0 Comments 1 min read 490 views

"Mem moat op Facebook.", seit myn soan. Se binne in wykein thus mei twa hûnen ùt Portugal. Wat is it gesellich. Sokke tiden wurd der hiel wat ôfpraat. Ek de hûnen skine har aventoeren oan elkoar kwyt te kinnen. De taal skynt gjin swierichheid te jaan.

"Wèrom moat ik op Facebook?", freegje ik.  "Mem hat in webside en dan moat jo ek op Facebook. Freondinnen en freonen fan eartiids mar ek sibben kinne mem har belibjen meimeitsje. En der troch  kriget mem kontakten mei minsken ùt de hiele wrâld.", seit er. "Moat dat?", sis ik. Yn wèzen moat ik der neat fan hawwe. Ik bin nèt de jongste mear mar dat seit neat: alderdom is net mear fan belang. En sa kom ik op Facebook.

Nò, dat ha ik witten. De telefeniste ùt myn doarp hie it eartiids dèr net sa drok mei as ik nò. De mail sit grotfol mei ferskate reaksjes fan posjityf oan't negatyf. Dochs moat min mei de tiid mei gean. "Oan alles moat min wenne, sels it hingjen went...", sei ùs heit altiid! 

Doe sy fuort gongen hearde ik de hûnen seft sizzen: "Oant sjen en adios. Wa wit sitte sy al lang op it bistefacebook...

Swarte Merk Sùdlaren

troch Posted on 0 Comments 1 min read 508 views

It is ier yn de moarn as wy yn de grutte hallen fan de Prins Bernardhoeve oan komme. Sneon en Snein sil der in beurs wèze. It tema fan dizze twa dagen is Hobby & Creatief.

Troch dat myn freondinne yn de handel sit frege hja my om har te helpen om de stand op te bouwen. In dreech karwei. We begjinne mei de partytinte op te setten. Dan wurd de feestferljochting der ynhong. Stadich oan pakke wy ùt en sette al it ark op 'e skammels. Har handel bestiet ùt winskkaarten meitsjen. Jierren allyn is sy der mei begong, mei it betinken dat it in rage fan koarte tiid wèze soe. Mar de hobby hat in grutte flecht naam, fan ienfâldiche kaartsjes  oan`t yngewikkelde kunstwurkjes ta.

Ik bewonderje har, mei einleas geduld en antûsiasme is sy der altiid mei dwaande. Se fertsjinnet nò har brea der mei. Se giet nei ferskate beurzen oan`t yn Brabân ta. Yntusken rinne de hallen al aerdich fol mei ferskate standhâlders. Der heersket in mienskipssin falt my op. De iene helpt de oare. De man neist ùs helpt ùs mei de elektrisiteit wer`t froulje oer it algemien net sa goed yn binne. Wy binne klear en nimme ôfskie fan ùs kollega`s en winskje mekoar sukses.

Myn gedachten binne hjoed by har. Dat sy mar in soart ferkeapje mei...

Harkje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 538 views

Hearst my wol?", freegje ik myn man. Ik ha in hiel ferhaal ôfstutsen mar ik sjoch oan syn gesicht dat hy mei syn gedachten earne oars is. Ik sis noch es in kear. "Hearst my wol?!?"

Ik ha in pear nije leazens kocht en lit se grutsk oan myn freondinne sjen.

"Hoe fynst se?", freechje ik har en wachtsje yn spanning nei har reaksje.

"Ja", seit se; "Ik moat ek in pear nije ha."

"Wat fynt sy nò echt?" tink ik.

Ik fertel in oare freodinne dat ik nèt goed yn myn fel sit en wol it ùtlizze. Mar hja seit; "Ik ek nèt." en begjint oer har eigen krupsjes.

"Hoe kin dat nò?" betink ik my; "dat wy hearre mar net mear lùsterje kinne?"

Ik ha in muoike hân dy sei dan as sy my seach; "Is er wat? Ik sjoch oan dy dasto earne mei siste.."

En oprjocht sa as sy wie koe ik har alles tabetrouwe.

"It is de tiid," sei ien tsjin my; "de minsken sitte fol mei hun eigen droktes en beslommerings." It is in IK-maatskippij wurden en  ik betraapje my der op dat ik my der ek oan skuldich meitsje.

"Kinne wy efkes prate?" freget in freon.

Efkes letter sitte wy oan in bakje kofje en beprate wat ùs sa al dwaande hâld. Is er nèt in siswize dat seit: in goed harker hat mar in heal wurd nedich?

 

Kammeraten

troch Posted on 1 Comment 1 min read 679 views

Sûnt ik myn nije oankeap -in blèdsûger/blazer- yn gebrûk ha, ha ik kammeraten krige. Ik bin nò ien fan har wurden. De lju fan it grienûnderhâld ùt ùs omkriten besjoche my nò as hun gelikense. Wy binne drok dwaande, sy yn de blommeperken en ik yn de tùn. It is in kabaal fan je welste, hearren en sjen soe jin fergean. Ik stek de hân op en foar dat ik los gean, meitsje ik in praatsje oer `t waar en sa. Dat docht it altiid goed, dan kriget min foart kontakt. We geane oan`t wurk want tiid is jild ek by ùs.

Efkes letter wurd der op myn skouder tikke, ik wurd der kjel fan. "It is skoft.", seit de man en freget as ik ek kofje ha wol. Sa sit ik efkes letter yn de keet te skafttsjen. Wat is it gesellich. Manlju binne dochs oars as froulju. Goed, it praat giet dan ek oer fuotbal en de nije C.A.O. Ik  lùsterje dan ek mei grutte earen en ming my foar sa fier ik der ferstân fan ha yn it petear. Yn ienen giet de foarman stean en seit; "Oan it wurk, mannen."

Mei in lokkich gefoel gean ik wer fjirder. Ik ha kammeraten krige en stek de hân noch mar es omheech.

Lokaal ferfier

troch Posted on 0 Comments 2 min read 471 views

"Moatte jo ek mei it lokale ferfier?" freget de âlde man oan my. Ik sit op in bankje yn de hal fan it sikenhûs. Ik skow in eintsje op en wiis neist my. Krom en swier leunjend op syn stok stiet hy foar my."Gean mar sitten..", sis ik; "wy moatte noch efkes wachtsje."

Dan ferteld er dat hy nei de eachdokter west hat, hy sjocht min. "Ik sjoch wol de omkriten fan jo gesicht mar net jo moaie eachen en jo krollich hier." seit er. "", sis ik; "it hier is net sa krollich mear en de eachen binne ek net mear sa as sy wiene. Wat dat oan belanget misse jo neat." Ik snùt myn noas ik bin ferkâlden wurden. De man siket om syn beurs alle bûsen wurde omkeard, hy moat in euro ha, foar it lokaal ferfier. Ùt it fesjebûske fan syn jas falle in stik as mannich briefkes fan hûnderd  op 'e grûn. Ik siikje it op en doch se wer yn syn bûse.

"Kin ik in euro fan jo krye foar de taksy?" freget er. "Ja wis wol", sis ik en skarrelje wat lytsjild byelkoar. De taksy sjaufeur stiet al op ùs te wachtsjen. "Wer moatte jimme hinne?" freget er. De âld man seit; "Wer`t dat frommiske hinne giet moat ik ek hinne." en hellet in pear briefkes fan hûnderd ùt syn bûse. Ik jow de sjaufeur twa euro en stopje it  papierjild mar wer yn de man syn fesjebûske.

Ik ha mei de âld man te dwaan. Soe hy goed thùs kaam wèze?