Ùtpûste

Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.

En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò mei in hûn en in stekwein by de trein? Mar al dy drokte hie net nedich west want hy hie al syn begage op tsjillen. Wy rinne achter him oan: Max, ik en it stekweintsje. “It hie net hoecht,” sizze wy tsjin elkoar; “Hy kin him sels wol redde.” Sa giet it as minsken folwoeksen wurde.En der moat de omkriten noch oan wenne.

Max is wer de âlde hûn, syn minsken binne allegearre wer thùs. “Ïk moat oefenje,” seit myn man; “kinst my helpe“?

Ik moat earst ùtpûste,” sis ik; “en dan gean ik op fekânsje. Der is fèst noch wol in last minute reis.” 😆

3 Comments on “Ùtpûste

  1. 🙂
    Ja dat lijkt me wel wat! Maar ik wil er eerst een foto van zien, als bewijs dat je niet overdrijft.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien