Poèzije

Der stean ik dan op it poadium yn café De Twa Gemeenten yn Jirnsum. Ik praat dan oer in foardrachtskriich sa as dat eartiids dien waard. Mei in kabaretselskip ùt Âldeboarn ûnder lieding  fan Jappie de Vos. Ien fan ùs song, in oare fertelde grappen en ik droech foar. Ik wie noch hiel jong, spoekbenaud … Read more

Oplichterij

“Mevrouw, mag ik even binnen komen?“ By de doar stiet in jonge man. Op syn jas printet it logo fan Eneco, in enerzjybedriuw. Ûnder de earm hat hy in grutte leren map. Ik freechje him wer `t hy foar komt. “Welke stroomleverancier heeft U?“, freget er. “Och , hearkes…”, tink ik; “Folgens de konkurrinsje kinne … Read more

Realistysk

Op de doarmatte falt in útnûging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ús is nei har fiifensechstichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearret sy yn ‘De Deelen‘. Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mêd. Ik mei de hiele samling fan … Read more

“Wa wie ùs mem?”

Ik wol myn libbensferhaal skriuwe,“ seit myn freondinne tsjin my; “ik sil it opslaan en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.” “Wat presys wolst dan opskriuwe?” freegje ik. Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krije it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De … Read more

Tolerânsje

Ik sit yn in grot folle trein. De reizgers sitte hast by inoar op‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza út de doaze te plúzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hannen  gear. Der wurdt wat … Read more

Opromming

Al wiken lang kom ik by in grutte meubelsaak lâns. It is oprommingstiid, sa ek by dizze winkel. Se ha prachtige flierkleden yn in grutte bak bûtendoar stean. Se binne al aardich ôfpriizge, mar binne my hieltyd noch te djoer. In skoft lyn ha we in oerstreaming hân yn hûs mar in nije flierbedekking, dêr … Read more

Optimisme

It is sneintemoarn, 11 oere. Wy sitte foar it programma Business Class, myn man en ik. Hy hâld fan dat programma want hy komt ùt it sakelibben. It seit my net safolle. Meastal giet it my boppe de pet. Mar nò wie âld minister Wiegel yn byld. Hy brocht in winsk ùt op de Nederlânske … Read more

Femyljeberjochten

Jan, kinst sto Pieter fan Ale en Jantsje noch? Nò, dy is dea en hy is net sa âld wurden.’ Ik skilje mei myn broer út myn doarp. De Ljouwerterkrante is krekt kaam en dan sjoch ik earst nei de famyljeberjochten. Soe der ien by wêze dy ik kin? In frjemde gewoante, ik jou it … Read more

Folle seine en frede

De boadskippen binne yn ‘e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme. Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my … Read more

Krystfeest

Wy hiene yn ùs doarp eartiids twa krystbeamen. Ien yn de tùn fan de dokter en in hiele grutte yn de Herfoarme tsjerke. Djip ûnder yndruk wie ik as ik dy prachtiche beamen seach. Yn de beam fan de tsjerke sieten echte kearsen mei sulveren bollen. Twa man sieten by de beam. Hja hiene lange … Read more