Besikersoere

Ik bin hjoed oerbeppe wurden!” ropt in âld minske; “Binne  jo ek al beppe?” Op myn nè noch net, giet se troch.

Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch de seal. Alle bedden binne beset. Meastal binne it bonkebreuken. Allegearre opdien troch de gledte. In jong famke leit te dikerjen nei it plafond. Ik wol efkes nei har ta mar myn man seit; “Nèt dwaan, der is wat mei har…”.

In  man fan in oar bed ropt nei my; “Ik kin jo wol. Ik ha jo eartyds op in sneintejûn thus brocht?” Ik sis; “Dat wit ik net mear, ik hie sa folle dy my thus brochten!” Myn man sjocht my te mûk oan. “Wie dat sa ?“, seit  er. “Dat sil ik dy noch wol ris fertelle.“, sis ik. It weintsje mei kofje en tee komt lâns en efkes is it stil.

Dan sil ik foart in man giet foar my stean en seit; “Myn frou is okker deis ferstoan. Wolle jo es lâns komme?” “Jo moatte earst mar es opknappe,” sis ik; “dan sjoche wy wol wer…

It famke dikert noch altyd nei it plafond. Wat soe dèr te sjen weze! 

LÊS EK:  Fan âld op nijjier
  • >