De telefoniste

Atsje, jo krye moarn in iter, hear.“, sei de telefoniste tsjin ùs mem. Yn dy tyd hiene wy yn ùs doarp in postkantoarke mei in telefoniste dy alles wist fan de ynwenners. Sy siet dan yn it kantoar foar in grut boerd mei allegearre gatsjes en razend fluch stuts sy de de stekker yn al dy gatsjes.

Sa hearden wy wa in poppe krygen hie, in iter as in ùtfanhûzer. Ùs mem krige es tsien dollar fan de femylje ùt Canada. It hiele doarp wist er fan en libbe mei. Wat in tiid wie dat. Wa kin him dat nò noch foar de geast helje?

“Mem, alles is goed, hear.” In telefoantsje ùt Afrika.  

Mobyl, internet, tillevyzje. De wrâld is ien grut doarp wurden. Wat technyk oanbelanget libje wy yn in geweldiche tiid. Ik bin bliid dat ik dat noch mei meitsje mei.

Mar dochs de telefoniste fan dû. It hie wat. Ik mis har somtiden…

One Comment on “De telefoniste

  1. Dan kun je hier mooi alle nieuwtjes schrijven.
    Meelevendheid is misschien iets minder groot dan van een heel dorp,maar dat is de vooruitgang.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien