Allergysk

“Sjoch sto ek wat oan my?” freget myn man. “Nè,” sis ik; “do bist noch krekt sa kreas as eartiids allinne in bytsje âlder.“ “Ik ha it gefoel dat ik yn brân stean.” seit er. “Hast yn de sinne sitten?” freegje ik. “Hoe kin dat nò? It reint al dagen achter elkoar.” merkt hy op. [Lês mear »]

De seeman

“Wer moatte jo hinne?” freget de sjauffeur. “Ik moat nei de apteek.” “Best,” seit er; “komt klear.” “Jo namme leit my wol: De Zee. Dat harket goed.” “Hoe sa?” freegje ik. “Ik bin trijentritichjier seeman west. Alle see-en fan de wrâld ha ik befarre.” Myn ynteresse is wekke. “Wat ha jo dan dien foar wurk?” [Lês mear »]

Minsken

“Meisto alles wèr oanpakke?” freget in mem oan har soan. “Ja,” seit er; “behalve de buorfrou.” Der wurd temûk om lake. Ik sit te wachtsjen yn de wachtkeamer fan it sikenhûs. It is tsjokfol. Hja moatte allegear bloedûndersyk ha. “Sille wy elkoar ôflosse?” seit in jong feint tsjin in âld mantsje. “Jo moatte nèt stiif [Lês mear »]

De Feesttinte

In ferskuorrende grutte tinte komt by ùs buorlju achter hûs te stean. Tagelyk binne sy jierdei en dat fiere se yn ienkear. Elk jier wer op ‘e nij. Kosten noch muoite wurd sparre om it ta in sukses te meitsjen. Al dagen binne se dwaande mei tariedings; stuollen en tafels wurde oeral wei sleept. Ùs tùn [Lês mear »]

Ynklauwers

In pear hùzen fjirder op stean in pear manlju foar in hûs. It eaget noch al offisjeel. Ik sjoch wol: it binne nèt meteropnimmers. “Wat stiest sto te lûren?” hear ik myn man op de achtergrûn sizzen. “Dit hat mûzen.” sis ik.  In pear wiken allyn is de man ferstoan. Hy wenne allinne. Ik makke [Lês mear »]

Deun by dy sels Sa ist, en net oars

Sa as eltse simmer mochten wy wer in tsjinst fersoargje yn de Rotonde Tsjerke fan Tsjalbert. Yn it kader fan oekumenyske tsjinsten geane minsken fan ferskate kleuren foar. Nei oanlieding fan de tekst ùt Romeinen 12;2 (“U moet andere mensen worden met een nieuwe gezindheid“) hiene wy as tema: “Wie nooit van mening is veranderd, [Lês mear »]

Oranjegisme

“Mei wy efkes by jimme de gevel op?” freget in buorjonge. “Ûngelyk wer foar.“, sis ik. “We wolle de strjitte fersiere.” seit er. En sa kleurje de omkriten al gau yn it oranje. Ik kin in jonge, dy wennet allinne mar as it safier is, is hy hielendal yn oranje klaaiing. In hege hoed op [Lês mear »]

It lân fan Opper God Zeus

“Dat moat noait. ” seit myn man. Hast it nijs heard oer Griekenlân as lân fan Europa. “Dat lân moat holpen wurde.” wurd er sein. Wij hearre dat oan. Alle dagen wer want de Eurolânnen binne it nèt meielkoar iens. Sa ek wy net mar dat hat in oare reden. Wy hawwe in bedriuw hân [Lês mear »]

Rouadvertinsje

“Hast it al lèzen?” freget in freondinne my. “Och hearkes,” sis ik; “is dat sa?“ Ik lès altiid de rouadvertinsjes yn de Ljouwerter en krekt nò net. It is in fremde wisânsje. Ùs mem dy dat ek altiid en dan waard it breedùt bepraat. As bern fûn ik dat sa fremd! En nò doch ik [Lês mear »]

Ferlittenens

“Wêrom moat elkenien mei fekânsje?” sei ùs mem altiid. Se hie in glandige hekel oan de simmerfekânsjes.  Se fielde har dan allinnich en ferlitten. En dan wie sy ek noch yn de bouwfak jierdei. Elk jier wer moasten wy as bern rekken hâlde hoe wy de fekânsjes yndiele moasten. Wiken foarôf begong se der al [Lês mear »]

>