Rouadvertinsje

Hast it al lèzen?” freget in freondinne my. “Och hearkes,” sis ik; “is dat sa?

Ik lès altiid de rouadvertinsjes yn de Ljouwerter en krekt nò net. It is in fremde wisânsje. Ùs mem dy dat ek altiid en dan waard it breedùt bepraat. As bern fûn ik dat sa fremd! En nò doch ik it selde allinne myn man reagearet der net op. De rouberjochten gean my boppe polityk-, streek- en it foarpaginanijs. En nò is it my ûntkommen.

It frommeske der wy it oer hawwe wie eartiids ùs buorfamke. Se woe graach op ùs bern passe en sa koe se in bûssint fertsjinje. It wie in knap ding, sechstjin jier, in bytsje apart mar ek orizjeneel. Hja trof letter in jonge ùt Leien en hat har der tawenjen set. In pear kear ha ik har noch ris opsocht en it wie wer sa as fan âlds. Mar yn it deistiche libben koe se it net fine en socht it aventoer. Se kocht in hûske op in eilân en der besochten har ferskate leafhawwers. Sa nò en dan hearde ik wat mar we ferlearen mekoar ùt it each.

Ik lès de advertinsje noch ris en knip him ùt. Wat wie it in leaf, knap famke. Jammer dat it sa rûn is. Mar miskyn is sy op har eigen wize wol hiel lokkich west. “Wèr in stikje fan it ferline wat foart is.” mimerje ik. En dochs binne sy weardefol west foar ùs libbens. Ik sil wer better de rouadvertinsjes lèze, nim ik my foar…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien