De Feesttinte

In ferskuorrende grutte tinte komt by ùs buorlju achter hûs te stean. Tagelyk binne sy jierdei en dat fiere se yn ienkear. Elk jier wer op ‘e nij. Kosten noch muoite wurd sparre om it ta in sukses te meitsjen. Al dagen binne se dwaande mei tariedings; stuollen en tafels wurde oeral wei sleept. Ùs tùn sjocht er keal ùt: alles wat wy hawwe oan tùnmeubels stiet hjir nèist.

Hoefolle minsken ferwachtsje jimme?” freegje ik har. “San fjirtich man.” seit se. “Dat wurd nachtwurk.” tink ik by mysels. Dan is it sa fier. Myn man en ik binne de earsten. Sa stadich oan rûgelt de tinte fol. Tsjin oer my sitte minsken fan de flat achter ùs. Sy, in Poolse en hy in Weststellingwerver. Aerdiche minsken trouwens. Der neist sit in jonge frou mei in lyts famke. Se ferteld my al gau dat se allergysk  is foar apenuten. Ùs husskilder mei syn frou sit der neist. Dat blykt in broer fan de buorman te wèzen.

Bûtendoar stiet it jongfolk byelkoar. Grutte ferhalen wurde er fertelle, de iene noch sterker dan de oare. De hapkes en de drankjes binne net oan te slepen. Wat is it gesellich! Ùs Max besiiket in Boomerteefke ûnder de tafel te fersieren mar dat wurd nèt wurdearre. De hiele brot giet fan de tafel en bedarret yn de skurte fan de froulju. Myn man giet oerrein. “Giest mei?” seit er. “Nè,” sis ik; “it wurd nò pas gesellich.” 

De oare deis bliuwt it lang stil neist ùs. 

Hoe wie dat ek wer? Wa`t snachts fisket moat deis netten druie…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien