Minsken

Krêften

troch Posted on 2 Comments 1 min read 550 views

Ha jimme dat gefoel ek wol es hân, dat jo nèt mei de meute mei dwaan kinne? Dat kin sawol maatskiplik wèze, oplieding as in gearrin fan omstannichheden. Jieren ha ik der lèst fan hân. Ik kaam yn in oar miljeu telânne. De minsken om my hinne hiene it der dùdlik dreech mei.

Yn dy tiid wie ik net gelokkich. Oan 't ùs libben fan de iene op 'e oare dei folslein in oare draai naam. Der kamen krêften by my boppe driuwen dy ik fan mysels yn de fierste fierte net dreame kint hie. Somstiden kin samar  jo libben op `e kop komme te stean en dan komt it der op oan. Wat doche jo dan? Je ûnder del jaan as wèrom fjuchtsje?  

Do kinst dien krye fan dyn baas as do giest mei grutte tsjinsin nei dyn wurk. Eangst foar feroaringen en ûnwissichheid hawwe wy allegearre.Myn ûnderfining is: weagje de sprong nei hiel wat oars, ek al is dat in grutte gok. Dan komme der krêften boppe, der silst fersteld fan stean en dyn libben sil wer ynhâld krye... 

( Skreun nei in oanlieding ) 

Moarnsbrogge

troch Posted on 8 Comments 1 min read 692 views

"Ga je morgen mee naar Ikea? Als wij vroeg zijn kunnen we ontbijten voor één euro.", seit myn freondin. En sa gean wy ier en betiid mei in roppich gefoel yn 'e mage nei Grins. Myn man sei noch; "Moatte jimme earst net wat ite?" "Nè, wy wolle brea ite foar ien euro."

En sa sitte wy in skoft letter tusken studinten en allinnich steanden. Waarme broadsjes en hurd seande aien binne net oan te slepen. "De iene sjenearje him net foar de oare. In eigentiidse voedsel bank." tink ik by myselsMar gesellich is it mei al dy minsken fan ferskate pluimage... der genietsje ik fan. Mar it doel is ynkeapen dwaan, fansels. Sy, de freondin, wennet op in boerespul en hat fan alles nedich. Wat moat ik hawwe? Ik ha alles al.

Myn eagen falle op in stel moaie boarden, suver om 'e nocht. Dat komt goed ùt want ik ha in rommeltsje yn de kast. Boarden fan undùdlike komôf fan famylje fan eartiids. As wy it ein yn de bek ha en gjin tsien mear telle kinne gean wy nei hûs. De nije boarden wurde opburgen en de boarden fan beppe stean wer op 'e tafel.

Mar de moarnsbrogge hie ik foar gjin goud misse wollen. 

Boete

troch Posted on 2 Comments 1 min read 739 views

De earste boete is binnen. Ik sei al tsjin myn man: "Doch nò fersichtich oan. Foar dast it wist hast in boete oan de broeksbokse hingjen." Sûnt in pear dagen hat hy in rollater. En troch dat hy de pest oan san ding hat, hat hy him opfierd. Freegje my net hoe, der ha ik gjin ferstân fan.

Syn libben lang hat hy in auto hân en dat sit er noch yn. Doe de buorman het ding brocht waard er earst oan alle kanten besjoen as er wol geef genoch wie. De remmen en de bestjoering, alles waard kontroleare. Ik sei noch: "Moast ek winterbannen ha?" Mar dat wie net nèdich want de diken wiene skjin.

En sa gong hy op paad en sette de gang er yn. Ik rop noch: "Foarsichtich! Tink derom!" En ja hear: hy wie krekt de bocht om as de plysje hâld him oan en frege nei syn papieren. Troch dat hy in joggingbroek oan hie koe hy hun neat sjen litte. Sa kamen hja thus en nei in skrobbering  en in kop kofje gongen hja foart. 

Aerdiche keardels trouwens, dy plysjemannen. Hja praten ek noch Frysk ;-D 

Stavering

troch Posted on 7 Comments 1 min read 775 views

"Hoe fynst myn ferslach foar it tsjerkeblèd?", freegje ik myn freon. Hy hat jierren Fryske les jûn en wit alles fan de nijste stavering. Somtiden sms ik him: "Wist sto hoe ik dat wurd skriuwe moat?"

Mar nò sit ik by him oan de kofje. It is altiid gesellich. Wy prate dan oeral oer. De polityk mar ek it barren fan de ôfrûne wike komt foarby. Hy ferhellet fan syn libben as dûmny en wat hy sa al belibbe hat. "Hoe fynst nò myn ferslach?", freegje ik noch een kear. "De ynhâld gean ik nèt oer mar de stavering mankearret noch al wat oan. Ik soe mar es in pear lessen nimme by Afuk. En tink om de kapkes en de streekjes.", seit er. 

Ik rin nei hûs en tink by my sels: "Wèrom fyn ik myn eigen memmetaal sa dreech te skriuwen?"

Dus, minsken fan Afûk, de Fryske bewegings en oare taalwittenskippers: fal nèt oer myn flaters. It giet om de ynhâld, is 't net wier?

Bomans & Bosshardt

troch Posted on 1 Comment 1 min read 626 views

De telefoan giet. 'Godfried' freget as de 'Majoor' al oansprekber is. Elke moarndeitemoarn moatte wy by prate. Godfried Bomans en Majoor Bosshardt.

Jierren allyn ha ik twa unyke jonges kinnen leard. De iene in rasechte Amsterdammer en de oare in Fryske jonge fan it platte lân. It wie osa wennen foar de Amsterdammer; hy miste syn femylje mar ek de sted. Yn dy tiid rekken wy yn 'e kunde. It  klikte foart en daliks. Wy waarden freonen foar it libben.

Foaral de Amsterdammer;  hy wie de âlste fan in hushâlding fan tolve bern. Oeren oan ien koe hy fertelle oer syn bruorren en susters. Hy koe fan alles. It wie in tûzendpoat: kapper, kok en kroegbaas mar altiid eigen baas. Wy hawwe tegearre gûlt mar ek hiel wat ôflake. Alles koene wy oanelkoar kwyt. Wat wy ek bepraten; it bleun under ùs. Sneontemiddeis. Fèste tiid. Dan waard op my rekkene, de hapkes en de drankjes stienen klear en dat jierren oan ien. 

Samar yn ienen, troch in hertoanfal, wie hy der net mear. 

Nea sil de telefoan wer gean foar Majoor Bosshardt en Godfried Bomans. ;-? 

 

Obesitas

troch Posted on 2 Comments 1 min read 592 views

Wy sjogge nei in programma oer Obesitas; minsken dy ofgryslik dik binne. Hoe ha se it safier komme litten, betink ik my.

"Soene wy der ek net wat oan dwaan moatte? Wy binne ek al aerdich op wei.", sis ik. "It falt mei my wol ta. It sit my net yn de wei.", seit er. Hy fynt fan him sels dat hy noch aerdich mei komme kin. Mar ik sjoch him jier nei jier ùtdijen. "Wy moatte mar in diètiste yn earm nimme," bring ik op it aljemint; "it moat wol mei begelieding."

"Nò, as it mar in aardich jong wyfke is..." seit er; "der ha ik wol honger yn 'e hals foar oer. "Mar dan jûnslet net mear ta it friesfak, hè?", sis ik. We meitsje in ôfpraak, we steane tegearre sterk.

Hear ik de kuolkastdoar nèt? Ik liz op bed en fertrouw de saak net. Ik gean nei ûnderen.

"Wat hasto lekkere âlde tsiis. Wolst ek in stikje?"

(..)

Ùtpûste

troch Posted on 3 Comments 1 min read 558 views

"Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje." "Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?" freget myn man. "Wist wat," sis ik; "myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein."

En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò mei in hûn en in stekwein by de trein? Mar al dy drokte hie net nedich west want hy hie al syn begage op tsjillen. Wy rinne achter him oan: Max, ik en it stekweintsje. "It hie net hoecht," sizze wy tsjin elkoar; "Hy kin him sels wol redde." Sa giet it as minsken folwoeksen wurde.En der moat de omkriten noch oan wenne.

Max is wer de âlde hûn, syn minsken binne allegearre wer thùs. "Ïk moat oefenje," seit myn man; "kinst my helpe"?

"Ik moat earst ùtpûste," sis ik; "en dan gean ik op fekânsje. Der is fèst noch wol in last minute reis." 😆

Koma

troch Posted on 5 Comments 1 min read 720 views

In jonkje en in famke fan om en de by trije jier boartsje mei in poppeweintsje op it trottoir. Dat koe doe noch. Der wie noch net folle ferkear. Ynienen pakt it jonkje it poppeweintsje fan it famke ôf en stekt de dyk oer. En sa komt er ûnder de auto. Swier ferwûne wurd er nei it sikehûs brocht.

Nei in wike yn koma lein te hawwen komt hy by. Wy hiene in nije auto kocht, in blau-achtiche Opel. Wy hiene in grutte poster op it fuottenein plakt foar as hy bykomme soe. En mei it fingerke wize hy nei de poster en sei; "Opel..."

Wat wiene wy bliid. It hiele sikehûs krige Oranjekoeke. Syn hiele libben hat yn 'e teken stien fan dy wike koma. Hy hat der in protte fan oer hâlden. Hy wie emosjoneel en driftich. Koe him opwine om neat. Wy hawwe ùs hiele libben rekken mei him hâlde moatten. As er in bist dea gong seine wy dat de kat as de hûn foartrûn wie. Mar it measte hat it syn eigen libben beynfloede. Dochs hat hy fan grutte betsjutting west foar ùs en syn bruorren. (+)

Hy mocht njoggenfjirtich jier wurde.

Wy libje yntins mei it Keninklikhûs mei. Wy hawwe it ommers sels meimakke... 

Untslein

troch Posted on 4 Comments 1 min read 1082 views

Hy is wer thus. Untslein ût it sikehûs. Unwennich stiet er yn de keamer. "It is hjir oars. Hast de keamer feroare?" Ik moat ta jaan: de wike dat er foart wie ha ik my goed ùt tjirge en alles op 'e kop setten. It meubilèr stiet oars: banken en tafeltsjes stean op in oar plak. Allinne syn stoel is stean bleun. 

"Bin ik hjir wol goed as bin ik by de buorren?", freget er. "Nè..." sis ik; "Do bist goed mar ik ha it sa del setten dasto dy better bewege kinste. Do hast nò alle romte." Wat is dat dochs altiid;  dy ûnrèst yn my? Ta grutte argewaasje somtiden fan femylje en freonen.

Sa is ek myn libben west: altyd siikjend nei feroarings en bewegings. De sleur ferbrekke, eangst om yn te sliepen ? Witte jimme it,  ikke net! 

"Gesellich, hear." seit er ;"It hat wol es minder west..."

Besikersoere

troch Posted on 4 Comments 1 min read 513 views

"Ik bin hjoed oerbeppe wurden!" ropt in âld minske; "Binne  jo ek al beppe?" Op myn nè noch net, giet se troch.

Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch de seal. Alle bedden binne beset. Meastal binne it bonkebreuken. Allegearre opdien troch de gledte. In jong famke leit te dikerjen nei it plafond. Ik wol efkes nei har ta mar myn man seit; "Nèt dwaan, der is wat mei har...".

In  man fan in oar bed ropt nei my; "Ik kin jo wol. Ik ha jo eartyds op in sneintejûn thus brocht?" Ik sis; "Dat wit ik net mear, ik hie sa folle dy my thus brochten!" Myn man sjocht my te mûk oan. "Wie dat sa ?", seit  er. "Dat sil ik dy noch wol ris fertelle.", sis ik. It weintsje mei kofje en tee komt lâns en efkes is it stil.

Dan sil ik foart in man giet foar my stean en seit; "Myn frou is okker deis ferstoan. Wolle jo es lâns komme?" "Jo moatte earst mar es opknappe," sis ik; "dan sjoche wy wol wer..."

It famke dikert noch altyd nei it plafond. Wat soe dèr te sjen weze!