Oranjegisme

troch Posted on 2 Comments 1 min read 190 views

Mei wy efkes by jimme de gevel op?” freget in buorjonge. “Ûngelyk wer foar.“, sis ik. “We wolle de strjitte fersiere.” seit er.

En sa kleurje de omkriten al gau yn it oranje. Ik kin in jonge, dy wennet allinne mar as it safier is, is hy hielendal yn oranje klaaiing. In hege hoed op en hy is der klear foar. Ùs buorlju sitte foar de televyzje; hy yn in oranje short en sy yn in oranje bikini. Hy oan it oranje bier en sy oan de advokaat (nò ja, dy is giel). De oranjekoeke ontbrekt ek net.

Der neist wennet in jong pearke. Har twalling lizze yn de bernewein yn oranje skopsèkken. Wyls ik dit oan it skriuwen bin giet er in hûntsje foarby yn in oranje jaske. “Hoe moat hy nò syn poatsje omheech krije?” tink ik by mysels.

Wat is dat dochs dat minsken hielendâl ùt hun dak gean? Binne wy snobistysk? Grutsk op ùs jonges? As binne wy bliid dat wy wer es in feest hawwe? Hoe dan ek, it bringt ienriedigens en gesellichheid, sa meielkoar de brot fersiere .

Wy binne der klear foar; hy mei in oranje strik om en sy mei oranje sloffen oan.

Sukses jonges, dat it in echt feest wurde mei want sport ferieniget minsken dochs!


bron: oranjegekte verklaard

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Th Balvers
Guest
Th Balvers

Ik ben er helemaal klaar voor…

Soan D.
Guest

Ik beperk mij tot Oranjekoek. Da’s genoch.

Previous
It lân fan Opper God Zeus

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien