Ynklauwers

In pear hùzen fjirder op stean in pear manlju foar in hûs. It eaget noch al offisjeel. Ik sjoch wol: it binne nèt meteropnimmers. “Wat stiest sto te lûren?” hear ik myn man op de achtergrûn sizzen. “Dit hat mûzen.” sis ik. 

In pear wiken allyn is de man ferstoan. Hy wenne allinne. Ik makke wol es in praatsje mei him oer it waar en sa. Hy fertelle my wol es oer syn femylje. Mar nea ha ik der in minske sjoen; hy like my in iensum persoan. Ien kear bin ik by him yn hûs west doe syn kat oanriden wie. Fertritlik siet er op ‘e grûn by it biske. “Hy hat wol tweitich jier myn maat west.” seit er.

Ik sjoch om my hinne. ‘Hy hat fèst in goeie baan hân.‘ konstatearje ik. Djûre meubels en skilderijen fan ferneamde skilders hingje oan ‘e wand. We drinke tegearre in kopke kofje. Mei triljende stim en triennen yn de eagen fertelt hy oer syn libben mei syn maat, de kat. “Ik ha nei de notaris west.” seit hy yn ienen, fertroulik. “Min wit noait wer`t jin femylje ta yn steat is..” “Jo moatte nei in asyl gean. Der is fèst noch wol in leave poes foar jo.” sis ik.

En nò is hy der net mear. Ik sil him misse. Troch de kat hiene wy mear kontakt krige. Op de stoepe neist de notaris en syn klerk sit de poes ùt it asyl.

Sille wy de kat nimme? ” freegje ik myn man; “As binne wy dan ek ynklauwers?

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien