It lân fan Opper God Zeus

Dat moat noait. ” seit myn man. Hast it nijs heard oer Griekenlân as lân fan Europa. “Dat lân moat holpen wurde.” wurd er sein. Wij hearre dat oan. Alle dagen wer want de Eurolânnen binne it nèt meielkoar iens. Sa ek wy net mar dat hat in oare reden.

Wy hawwe in bedriuw hân oan de Turkse grins. Sa no en dan mocht ik mei. De nije febryk waard seine troch in Grieks-orthodoxe geastlike. It personiel bestie ùt 157 froulje en 3 manlju. De froulju wiene hurde wurkers, neat op oan te merken. Mar de mânlju… dat wie in oar ferhaal. Se sieten it leafst op de terraskes kofje te drinken en te dobbeljen. De bern gongen nei skoalle en de rest fan de dei vermakken se hun mei fuotbaljen.

De helt fan de bewenners fan it doarp bestie ùt Grieken, de oare helt ùt Turken. Se hiene gjin gedoente mei elkoar mar woansdeis, dan wie it merk fan de Turkse boeren. Hja ferkochten benammen eigenferboude earpels en griente. Mar nei woansdei negearden se elkoar. Se koene elkoar net luchtsje as sjen fan wege âldsear. Nei  fiif jierren fan sukses kaam er in ein oan ùs dream troch korrupsje fan hegerhân. It hat ùs lettere libben tekene mar ek riker makke troch erfarings wiis wurden.

Mar foarsjitte? Noait dwaan! Wy sjogge der gjin sint fan werom.

Mar ja? Dizze Hera is ek mar in simpel frommeske dy a-polityk engazjeard is

[klik ôfbylding foar grut]

 

One Comment on “It lân fan Opper God Zeus

  1. Tja, dat is het probleem, dit soort landen in de euro toelaten, waardoor ze geld kunnen lenen.
    Wat die corruptie betreft, volgens de Grieken waar we vorig jaar verbleven, appartementen op een eiland, heel mooi, heeft de corrupte Griekse bovenlaag al lang z’n geld buiten de euro zone in veiligheid gebracht.
    Vandaar de idioot hoge koers van de Zwitserse frank.
    Nu klopt ook Cyprus aan voor hulp.
    Eigenlijk zijn er maar twee landen die hun zaakjes op orde hebben, Duitsland en wij, en die mogen nu de rest subsidiëren.
    Merkel en Rutte zijn daar gelukkig tegen, maar een euro bons zegt terecht dat wij in de minderheid zijn.
    Democratisch stelen is dat, volgens mij.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien