Minsken

Online

troch Posted on 2 Comments 1 min read 638 views

Geachte heer/mevrouw, uw nieuwe factuur 
staat online.
 

"Wêrom kry ik de rekkening net gewoan troch de brievebus?", freegje ik my sels ôf. Mar hawar, it is de tiid tink ik mar. De banken, de belesting, de streamleveransier; sy wolle allegearre online. Ekonomysk besjoen skeelt dat in ein, fansels en it giet allegearre om de ekonomy hjoed de dei.

Ik gean online mar wat is it wachtwurd ek al wer? En de gebrûkers namme? Nò, dat is simpel mar wat ik er ek del set, ik bin en bliuw ûnbekend. Hoe kin dat nò? We binne al jierren by de selde leveransier. Dan mar myn achternamme en in oar wachtwurd. Mar wat ik ek doch; hja wolle my nèt ha. Ik skilje mei myn soan. "Mem hat gjin internet omdat it landelik plat leit." seit er. Ik kry in goed gefoel oer my; it leit dus nèt oan my.

Mar dochs wat wie it eartiids ienfâldich. Ùs beppe hie it jild yn in sokke. Ùs mem hie in jildkistje. Ek koene jo efkes nei de lytse doarpsbank en de direkteur adviseare jo sels. Mar ja... tiden hawwe tiden... 

Dochs bin ik bliid dat ik yn dizze ieuw libje en alles op it med fan de technyk mei meitsje mei. Mar efkes myn soan skilje as hy syn âlde domme mem ek helpe kin.

Flagje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 515 views

"Wist sto wer`t de flagge mei stok is?" freegje ik myn man. Twa kear yn it jier giet de flagge ùt.  Mei befrijingsdei  en as de buorren sa lang troud binne in kear faker. Mar yn ùs omjouwing wurd mear skieden dan trouwd dus sa faak hoech ik net by de gevel op.

Einlik fyn ik de flagge. Hy is raffelich wurden en de stok mist de knop . Wy hawwe beide de oarloch en de befrijing mei makke dus flagje sille wy. Efkes letter hinget de Fryske flagge healstok. De wyn is lizzen gong, de flagge past him oan en hinget der drôf by. De oare moans hinget er wer mar nò fol ùt. Wy meie feest fiere en dat sil eltsenien witte. Ik sjoch om my hinne; wer binne de Fryske flaggen? De pear dy hingje is de trije kleur. Ùs buorren sprek ik der op oan. "O, dat makket ùs neat ùt, it is ùs om `t lyk." sizze se. Ik skilje de jonges en freegje; "Ha jimme de fryske flagge al ùt"?  De iene is krekt wekker en de oare wennet yn Hollân. "Dan moast him just ùt stekke." sis ik. En sa bin ik op oarlochspaad.

Ik sil de flagge neisjen en hy kriget in nije stok, beslùt ik. 

Dus minsken: hingje tenei de Fryske flagge ùt, lit sjen dat jimme Friezen binne. Net allinne yn wurd mar ek yn died...

Pintekening

troch Posted on 0 Comments 1 min read 511 views

De telefoan giet. In mannestim freget as it goed is dat hy lâns komt. It komt my foar dat ik it lûd kin mar ken him net thus bringe.

In skofke letter stiet in grutte, foarse jonge man foar de doar. En daalks werken ik de buorjonge fan eartiids. Hy wie like âld as ùs jonges se hawwe dan ek hiel wat streken meielkoar ùt helle. Wol fiif en tweintich jier ha wy it soer en swiet dele. Âlde tiden wurde ophelle. Hy is keardel wurden. Hy ferhellet hoe it libben foar him ferrûn is. En foar dat wy  it yn è rekken ha is de jûn om.

"Wer`t ik foar kaam bin is dat ik in âlde pentekening op 'e kop tikke ha fan it hûs fan de âlders fan jo man." "Ik wol der neat foar ha," seit er; "jimme hawwe my sa faak opheine. Op dizze wize wol ik jimme betankje."

Nuveraardich bin ik `r wat emoosjoneel fan. It skilderijke komt letter wol...

Hiersferheging

troch Posted on 1 Comment 2 min read 559 views

Tusken de folders fan seksy ûnderguod, wenningynrjochting en tùnaksesoires leit in brief fan de wenningstichting. It skeelde amper as hy hie yn de papiercontainer sitten. Achternei besjoen hie dat better west mar ja, dan hiene wy dochs wer in nije krige want dy lju binne stânfest.

Hiersferheging melt de brief. Dat sil wol moatte want elke Nederlânder dy yn in hierhûs sit kryt san kadootsje. "Dat kin bèst sa wèze mar dan kinne hja ek op hun besit passe," sis ik tsjin myn man; "ik ha al lang argewaasje fan ùs sùteriche foardoar.Ik moat mar efkes kontakt opnimme mei dy lju." En sa besiikje ik ien oan de line te kryen. Mar dat is hjoed de dei net sa simpel mear. En dus stjoer ik mar in mail en liz de saak ùt.

En hoe is it mooglik? Amper ha ik de fingers fan it toetseboerd ôf as der wurd skille. Op myn fraach as ùs foardoar ek skildere wurre kin seit se; "Jo moatte noch in skoft wachtsje want dy hûzen wurde om `t de seis jier ferve." "Mar," sis ik; "ik wol jimme wol te mjitte komme. Kin ik net ferve krye yn de selde kleur? Dan doch ik it sels wol." It is efkes stil. It frommeske wit eiglik net hoe se hjir mei oan moat. "Nò, wit jo wat?" sis ik; "Ik fervje mar dan gjin hiersferheging." It petear hat neat oplevere.

Dus minsken... wa komme wol is wolkom mar wol troch in suteriche foardoar.

Keninginnedei

troch Posted on 5 Comments 1 min read 633 views

Keninginnedei  30 april 1960.

Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa)  in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid mei presintsjes en femylje besite. It wie feest, san dei.

Njoggen- en fjirtich jier mochten wy syn jierdei fiere. Troch in hertstilstân kaam er samar in ein oan dit libben. Keninginnedei sil foar ùs noait mear weze sa as it wie. It is in feestdei wurden mei oranje ballonnen oan swarte toutsjes, fûgels dy falsk sjonge en de sinne lit him san dei net sjen.

En dochs  sille wy altyd dizze dei fiere. Mei ùs dierberen.

1960-2009.

Moetings

troch Posted on 1 Comment 1 min read 590 views

"Buurvrouw, ziet u ook iets aan mij?" freget in buorman dy in eintsje fjirderop wennet. Ik sjoch neat oan him mar in komplimint is noait wei. "Wat sjoche jo der goed ùt!" sis ik. "Ja," seit er; "ik heb een nieuw leven gekregen." "Hoe sa?", freegje ik. "Een week geleden heb ik zes nieuwe omleidingen gekregen en nou loop ik hier alweer." Ik jou him in hân en winske him lok mei syn nije libben.

Efkes letter komt in oare buorman op my ôf. Hy sit midden yn de ferbouwing fan syn hûs. In heal jier allyn fertelde hy my dat syn freondinne har tekoart dien hie. Ik wist net hoe ik him treaste moast en fûn gjin wurden foar dit grutte fertriet. As wy mekoar tsjin komme prate wy as goeie freonen. Ik mei Jeroen sizze. It begjint my yn te brânnen: ik moat optiid thus wèze. Ik sil de Hema yn as in klant fan eartiids my oan hâld. "Hoe is it mei jo de bern en de man?" Ik sis; "Bèst hear en mei jo es?"

As ik beslùt om mar nei hûs te gean rin ik in freundinne tsjin it liif. "Hast sin oan in kop kofje? Ik traktearje." seit se.

In skoft letter kom ik thus. Sûnder boadskippen. Want wat is nò wichtiger: de boadskippen as it minske ?

Polityk

troch Posted on 5 Comments 2 min read 715 views

Begripe jimme wat fan de polityk? Ik snap er neat fan. It sil wol oan myn yntelliginsje lizze, tink ik.

Ik bin osa polityk engazjeare -fyn ik sels-. As ik sa nei de media sjoch en hear, dan fyn ik guon bewindslju hiel sympathyk. Ik moat ta jaan; ik gean faaks op it uterlik ôf. Nim nò Mark Rutte: aerdich om te sjen en docht it goed yn Brussel. En Geert Wilders mei syn ljochte pruk , hy wit wat hy wol, allinne witte wy nèt wat hy wol. Maxim Verhagen, dy seit my neat. Dy is altyd sa fatsoenlik en kûlant en dan is it oppassen.

Sa kin ik wol in skofke troch gean. Se hawwe allegearre wol wat posityfs as negatyfs. Mar dan moast myn man hearre; "It is in spul fan neat. Se meitsje der yn Den Haag in soartsje fan. It sil wol op ferkiezingen ùtrinne." seit er. "Nò, dan kinne wy mei in skjinne bledside begjinne." sis ik.

Ik moat tinke oan de ferkiezings fan eartiids. Wat wie dat doe ienfâldich. Jo stimden op de Anti Revolutionaire Party, de Christelijke Historische Unie as op de Party fan de Arbeid en dan wie der noch de Kommunistyske Party. Wy hiene yn ùs doarp ien kommunist en net ien roomske. Sa hong by ùs thus op it iene finster in A.R.P. biljet en op it oare finster ien fan de P.v.d.A. Ien gjalp is my by bleun: "Ouwe moekes stemmen Joekes!"

Polityk. Ik sil it noait begripe...

Ladies Day

troch Posted on 0 Comments 1 min read 554 views

"Heb jij ook een uitnodiging van de groothandel voor de Ladies Day?", freeget myn freondinne. We hawwe beide yn 'e handel sitten. Sy yn de wol en ik yn de bedriuwsklean. Sa dwaande ha wy in ùtnoeging krige foar de jierlikse "Ladies Day". San dei wurd der oandacht bestege oan lokale mar ek oan lanlike ondernimmers dy hja presentearje mei hun waar. Sa as op it med fan wyn, delikatessen, fleis, tsjiis, fisk en non-food.

Efkes letter rinne wy troch de gruthannel. It is smoar drok, we kinne der mei de karre amper troch. "Ik wol net folle bestede. It past my net dizze wike.", sis ik. "We doen alleen het nodige. Heb jij het op een briefje?" freget se. "Ja," sis ik; "mar it briefke leit thus." En sa skarrelje wy by de ferskate standsjes lâns. Wat is alles ferliedlik. It iene smakket al lekkerder as it oare. Der is gjin 'nee' te keap en oeral moatte wy priuwe en leafst keapje fansels. Dan moatte wy ôfrekkenje.  "Dat wurd de hiele wike rys ite", sis ik.

"Als wij het niet redden kunnen wij altijd nog naar de voedselbank.", seit se laitsjent. "Nè," sis ik; "ik slùt my oan by de "Occupy-beweging" as bestean dy net mear?"

Wat wie dy wyn dochs bysûnder lekker...

Nin Hou

troch Posted on 1 Comment 1 min read 662 views

As lèste ùtsmiter fan it seizoen gean wy altiid ùt iten. 'Wy'dat is in groep froulje fan de Meniste susterkring 'Contact'. San heale ieuw allyn is de ferieniging oprjochte. Earst waard er fergadere oan hûs mar der kamen safolle by dat er ùtwike wurde moast nei in gruttere romte.

Hjoed de dei  hat elke ferieniging te kryen mei efterùtgong. Gjin bestjûr en gjin nije leden mear. Mar dizze ploech nèt, regelmjittich komme der nije by. En wat it moaie der fan is: se hawwe allegearre in oare eftergrûn. Hja komme ùt it ûnderwiis, horeka,  fersoarging en safuorthinne. Sa ek mei as sûnder tsjerkelike eftergrûn. Op in inkele ùtnoege sprekker nei fersoargje hja sels de jûnen. En dat kin fan alles wèze; oer alles wat spilet yn it lyts mar ek yn it grutte wrâldbarren.

En sa sitte wy nò by 'Nin Hou' mei 18 froulju. It hearren en sjen fergiet jin. It sjineeske frommiske fleant har de fuotten ùt it gat. Mar dan as elkenien opskept hat en de wyn syn wurk dien hat wurd it restich. Efkes letter geane wy nei hûs, noch lang nèt ùtpraat.

Frou Nin Hou siget op in stoel del mei de fuotten omheech. Sa... dat wie dat!

Plôk de Dei

troch Posted on 3 Comments 1 min read 658 views

"Hat mem  lèzen dat jimme goedkunde Jan ferstoarn is?" freget myn soan. Wol in heale ieuw ha wy him kinnen meien. It wie in tûzendpoat op it med fan de sjoernalistyk en de skiednis fan ùs wenplak.

Myn man hat jierren by in belizzingsclub west. Wat mear in gesellich manljus moetsjen wie wer `t praten waard oer polityk en wrâldbarren. Se hâlden hun gearkomsten oan hûs wat hiel gesellich wie. Wy as froulje mochten dan om barren opdrave foar in hapke en in drankje. Persoanlik ha ik doe in protte opstutsen oer allerhande saken. Want sis nò sels: manlju ha hiel oar praat dan froulju.

Sa ha ik jierren nei jierdeis moatten fan freondinnen. It praat gong dan oer skrandere bern, mode en de knappe skoandochters. Nò, ûnderhâld ik de kontakten op myn eigen wize en dat befâlt my best. It giet my om it minske en nèt om prestaasje as sukses. Want elts mins hat syn eigen ferhaal en boeiend om nei te hearren. Der sille altiid minsken wèze dy wy misse sille om wat sy oan ùs neilitten hawwe.

 En sa lang Plôk de Dei en besiikje er wat fan te meitsjen. Ik doch myn bèst!