Beakens

Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels. De iene soan is foar de technyk en de [Lês mear »]

Ûnrêst

“Hast it hjir alwer feroare?” seit in goed kunde en sjocht meunsterjend om har hinne. Guon freonen sizze al neat mear. Dy witte fan myn ûnrêst. Ik ha in kwaal; as it meubilêr langer as in moanne op it selde plak stiet moat it oars. As bern hie ik it al. As de famylje him klear [Lês mear »]

Tiden hawwe tiden

Ùt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; “Wat soe dat betsjutte… ‘ùt neat ûntstien?’” Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske. “Us [Lês mear »]

Miljoenen

De Miljoenen Nota. Miljoenen flechtelingen. Hy hat in skuld fan miljoenen. Aensen sjonge wy wer ùt folle boarst; “Dy miljoenen iens silligje sil!” It bringt my yn de tiis; dy ‘Miljoenen‘. Sil myn lûd him aensen ek ferminge mei al dy stimmen ? Miljoenen tinzen fleane troch my hinne …

Feilich fiele

Ik ha in eigen plakje wert ik my mysels wêze kin. Dat gefoel hie ik eartiids al doe ik lyts wie. Dan siet ik under it plusentafelskleed dat rikte oant `e grûn ta. Der fielde ik my feilich foar strûnders sa als myn bruorren Ik wis, der kamen se nèt de skonken fan myn âlders [Lês mear »]

Tariedingen

“Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?” freget de soan. “Wat bedoelst sto?” sis ik. Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. “Kremearre as begrave.” seit er. Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al [Lês mear »]

De nije tiid

Ik wachtsje op de bus nei Drachten. Hy is wat te let mar ik ha de tiid. It jout my de romte om wat om my hinne te sjen. Kloften jongelui steane te wachtsjen om nei Oerol te gean. Frysk wurd der net sprutsen, mear Yngelsk sa te hearren. Grutte musykinstruminten wurde meitôge. Nei dat ik [Lês mear »]

Ik bin Boarnster omdat…

“Ik bin Boarnster omdat…” Sa hjit de Facebook-side fan Âldeboarn. Der wol ik graach wat oer sizze; de titel sprekt my oan. Ik ha my sels offrege wêrom ik my nei al dy jierren noch san Boarnster fiel. Berne en opgroeid yn Âldeboarn, troch houlik ferhûze nei It Hearrenfean mar nea in Feanster wurden. As ik oer [Lês mear »]

>