De nije tiid

Naamloos-1Ik wachtsje op de bus nei Drachten. Hy is wat te let mar ik ha de tiid. It jout my de romte om wat om my hinne te sjen.

Kloften jongelui steane te wachtsjen om nei Oerol te gean. Frysk wurd der net sprutsen, mear Yngelsk sa te hearren. Grutte musykinstruminten wurde meitôge.

Nei dat ik in plak fûn ha yn de bus oersjoch ik de reizgers. It binne allegearre jongelju. Se studearje yn Grins, tink ik.

Se hawwe musykdopkes yn de earen en in smartfone yn `e hân. De fingers fleane oer it skermke, de measten dogge in spultsje. Se libje net yn de no-tiid mar binne yn oarloch mei virtuele fijannen.

Wer is de tiid bleun dat de lju allinnich mar oan it skiljen wienen en der Stilte Kûpees komme moasten?

Ik moat ùtstappe. In bûtenlânske swarte man mei flechtsjes yn it hier seit; “Gaat het, mevrouw?” en helpt my kûlant by it ùtstappen.

De oaren rinne hastich oan my foarby as bestie ik net mear. De dopkes noch yn de earen en de telefoantsjes  yn `e hân.

De nije tiid… myn foaroardielings moatte yngeant op ‘e helling.

It giet dy goed, jonge.” sis ik en jou him de hân.

Diele mei:

2 Comments on “De nije tiid

  1. Mooie observatie. Het zinnetje dat ze in oorlog zijn met virtuele vijanden vind ik prachtig scherp gezien.

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: De nije tiid | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien