Tiden hawwe tiden

Region-CaptureÙt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; "Wat soe dat betsjutte... 'ùt neat ûntstien?'"

Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske.

"Us memmeminske moat in webside hawwe." sei de soan.

Ik smiet it yn earste ynstânsje fier fan my ôf. Wa soe op myn oprispingen sitte te wachtsjen?

It soe oer gewoane deistige avontoerkes gean, naam ik my foar. Literêr alhielendal net fan bestsjutting. "Set er mar yn wat mem kwyt wol. It makket neat ùt wat." sei er noch.

Stadich oan, om dy jonge net ôf te fallen, kamen de earste stikjes. En dat binne er hiel wat wurden. Meastal gongen se oer gewoane minsken dy ik moete yn myn deistich bestean.

Ek koe ik der myn gefoelens en emoasjes yn kwyt, somstiden mei in laits en in trien.

Tanke wol soan foar dyn help en stimulearjen!

Tiden hawwe tiden...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

15 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Graach dien, hear. Bin allang bliid dat us memmeminske net else jûn yn de kroeg sit. 😉

Hendrika

😀

Elske

Jo deistich bestean is spesjaal wurden trochdat jo it dield ha. Jo kinne der grutsk op wêze! Eins ha jo wol in blomke fertsjinne.

Elske

Dit docht my tinken oan: "jij in jouw klein hoekje en ik in 't mijn"

Elske

Wat oars. Wat fine jo it moaiste Frske wurd?

Elske

Dat smoarge typen ek. Ik bedoelde: Fryske

Elske

Ik kin net kieze. Oergryslik slûchslim en krebintich troch de blabze, Of dochts rare babbelegûchjes 😉

Elske

It noasket my net... Gjin wûnder, we sizze ek: de fuotten rûke en de noas rint 😉

Elske

En ik hear it ús beppe noch sizzen: do âld fladde 🙂

Elly Galama

Jo binne sa bysûnder. Sa'n minske kin je nea wer ferjitte.
En it sa moai, dat jo de mede bewenners genietsje litte fan jo moai omskreûne belevenissen.
De meeste minsken lûsterje graag nei jo,moaie lytse ferhaaltsjes.
En ik mei op jo weblog genietsje, fan jo libbenservaringen, ien it ouderein hûs wer jo wenje.
It binne soms goeie libbenslessen foar mei wurkers,en de minsken die der siedelinks mei te kriien havwe.sa kin jong fan oûd hiel wat leare.
Danke wol,dat ik hjirfan genietsje mei.
Groetenis, Elly

Elly Galama

Jt is sa moai dat jo soan de goeie snaar fûn hat, om jo te oerstjoegjen dat 't goed foar jo wie om ferhalen te skriuwen.
Jo binne namlik een natoer talent.
En oer miskien 50 jier wûrdt dr ût jo ferhalen farlezen ,en lizze jo ferhalen miskien wol bij tresor ien ljouwert.ik bin dr fan oer stjoege dat disse ferhalen nooit ferlen gean meie.
Ik soe sizze skriuwen✍ bliuwe tot 't net mear kin.
Dan kinne dr nog een protte minsken fan genietsje inclusief ik sels

15
0
Would love your thoughts, please comment.x