Ik bin Boarnster omdat...

"Ik bin Boarnster omdat..." Sa hjit de Facebook-side fan Âldeboarn.

Der wol ik graach wat oer sizze; de titel sprekt my oan. Ik ha my sels offrege wêrom ik my nei al dy jierren noch san Boarnster fiel.

Berne en opgroeid yn Âldeboarn, troch houlik ferhûze nei It Hearrenfean mar nea in Feanster wurden.

As ik oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn rin kom ik bekende nammen tsjin fan minsken dy ik persoanlik kend ha.

En dan lis ik de soan ùt wat foar minsken dat wiene. Ik reitsje nea ùtpraat oer myn doapsgenoaten. Hy fynt it prachtich. "Mem, wa wie dat?" en "Wat foar persoan wie dat?" freget er en ik begjin te fertellen.

1

Dan begjinne al dy minsken foar myn each te libjen; Willemke, Sybren, Tine, Yme, Vogel, Siep, Jan en noch folle mear.

Myn heit en mem lizze der begroeven. We sjogge efkes as it er wat kreas byleit en lizze wat blommen del.

We eindigje by de urnenmuorre, by ùs soan dy yn aldens fan 49 jier ferstoar troch in hertstilstân.

Ik bin Boarnster.

Omdat myn  hert der leit ...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

4 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Elske

Je kinne goeie gesprekken ha op it tsjerkhôf mei minsken dy ek ien bewarje yn har hert. Werkenning en erkenning.

Roelie

Ik haw 51 jier yn Boarn wenne,ferhuze nei Maarn , sa unwennig fan it fryske plattelan, jammer genoch krige ik myn man net yn de fryske provinsjegrins wenje sunt 2008 yn drinte ek moai ........... mar it is gjin Boarn! Hoapje ins wer thus te kommen

Appelvrouw

Het klinkt als op bezoek gaan bij al die overledenen, maar nog meer als 'thuiskomen' en iedereen voorstellen. Vertel je aan de zoon die het mooie verhalen vindt ook nog over de overleden zoon of zijn woorden daar niet nodig om te gedenken?

4
0
Would love your thoughts, please comment.x