Oer mijsels

Hiel Fryslân Bakt

troch Posted on 0 Comments 0 min read 810 views

rudolph-kookt-1-rudolph-van-veen-02

"Heel Holland bakt."

It is in hype wurden. Jo kinne de telefyzje net oan sette as se binne oan it iten siden. En net te ferjitten de baksels en brousels fan prachtige taarten en sa fierder.

Sa fergapje ik my oan it moaie ark dat hja ta har beskikking hawwe. Moaie potten en pannen om fan de kokenrêding mar te swijen.

Eltsenien kin itensiede seit min, it hoecht net dreech te wêzen. "Goede en duidelijke basisrecepten." Der giet it om seit Rudolph van Veen.

It resept moat ienfâldich wêze. Jo moatte net fuort begjinne mei in preitaart mei Roquefort.

En dan is it him just; ik wol yngewikkelde dingen meitsje. Net altyd in gehakbal as utbakke spek.

"Mar foar dat ik oan `e slach gean wol ik earst in nije koken hawwe." sis ik tsjin myn man.

Oprèdde sil ik; alle âlde potten en pannen nei de Omrin. De fleispanne fan ùs mem giet earst de doar ùt en de pankoekspanne fan skoanmem er efteroan.

Ik sil skjin skip meitsje en dan sil elts fersteld stean fan myn itensiederskeunst.

Jimme sille noch in soart fan my hearre. Miskyn wol op Omrop Fryslân ....

"Hiel Fryslân Bakt."

Mankelikens

troch Posted on 0 Comments 0 min read 742 views

giphy

Ik wit net hoe as it jim fergiet mar de earste dagen fan it nijjier bin ik oars as oars. De feestdagen fan gesellichheid en waarmte binne foarby. Ik rin as in aaisike hûn troch it hûs.

De brod moat oprêden wurde. Sa gau as de feestdagen foarby binne moat by my alles oprêden wurde .

It hat mei gefoel te meitsjen; ik moat it âlde jier loslitte. Minsken der`t ik fan hâlden ha binne er net mear. Te hege ferwachtingen binne er west wat op neat utrûn is.

De mankelikens slacht ta. Oprêde moat ik,  ik nim my foar; earst by mysels te begjinnen.

De fersiering fan myn libbens- beam smyt ik der earst ùt, dy ha ik net mear nedich. De nullen fan de beam wurde mei in soart sekuerens byelkoar socht.  Wat doch ik mei de krystbâllen? Ik sjoch mijsels der yn en wurd der net bliid fan.

Mankelikens... it is goed om efterom te sjen mar we krije altiid wer nijje kânsen om it oer te dwaan.

Beakens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 817 views

buoyWat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels.

De iene soan is foar de technyk en de oare foar de putsjes. Hy hat twa gouden hannen.

"Mem," seit de technyske soan; "ik sil de staveringshifker op mem har kompjûter sette."

"Hoe dochst dat dan?" freegje ik want dat moat ik witte fansels. "Ik nim de kompjoeter op ôfstân oer." seit er. En sa sjoch ik letter hoe myn mûs selsstannich syn paad siket op it skerm.

"Ik wol graach in reitensket hawwe," sis ik tsjin de handige soan; "it âlde is tenein en tige suterich."

Nei wat oantrunen fan myn kant sit it reidsket er op. Fol bewûndering stean ik nei it resultaat te sjen. "Ast in naaikarweike hast komst mar." sis ik tankber.

Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? (en de Fryske staveringshifker fansels 😉 )

It binne de beakens yn myn deistich bestean.

Beakens...
photo_2015-12-11_10-51-12-bewerkt

Ûnrêst

troch Posted on 2 Comments 1 min read 944 views

giphy"Hast it hjir alwer feroare?" seit in goed kunde en sjocht meunsterjend om har hinne.

Guon freonen sizze al neat mear. Dy witte fan myn ûnrêst. Ik ha in kwaal; as it meubilêr langer as in moanne op it selde plak stiet moat it oars.

As bern hie ik it al. As de famylje him klear makke om nei `t tsjerke te gean dan hie ik pineholle. Se wiene de doar noch net ùt as de stuollen en tafels stienen bûtendoar yn de tùn. As in gek wie ik dan dwaande want in ûre wie sa foarby. Lokkich wiene er faaks duminys dy lang fan stof wiene dan hie ik gelok.

Faak hie ik sneintemoarns pineholle. Ûs heit begreep dat wol, dat hie hy ek mar nèt om dy reden.

Ik moat sizze; dy kwaal is noait oergong. Mar dat lju der wrantelich fan wurde dat ha ik noait begrepen. San skoanmem hie ik ek, dy koe der net oer en liet dat ek goed merkbite.

En nò ha ik "Wonen & Co" fan de Ljouwerter Krante foar my lizzen en sjoch om my hinne.

De ûnrêst slacht wer ta ...

Tiden hawwe tiden

troch Posted on 16 Comments 1 min read 1822 views

Region-CaptureÙt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; "Wat soe dat betsjutte... 'ùt neat ûntstien?'"

Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske.

"Us memmeminske moat in webside hawwe." sei de soan.

Ik smiet it yn earste ynstânsje fier fan my ôf. Wa soe op myn oprispingen sitte te wachtsjen?

It soe oer gewoane deistige avontoerkes gean, naam ik my foar. Literêr alhielendal net fan bestsjutting. "Set er mar yn wat mem kwyt wol. It makket neat ùt wat." sei er noch.

Stadich oan, om dy jonge net ôf te fallen, kamen de earste stikjes. En dat binne er hiel wat wurden. Meastal gongen se oer gewoane minsken dy ik moete yn myn deistich bestean.

Ek koe ik der myn gefoelens en emoasjes yn kwyt, somstiden mei in laits en in trien.

Tanke wol soan foar dyn help en stimulearjen!

Tiden hawwe tiden...

Miljoenen

troch Posted on 0 Comments 1 min read 689 views

Naamloos-1De Miljoenen Nota. Miljoenen flechtelingen. Hy hat in skuld fan miljoenen. Aensen sjonge wy wer ùt folle boarst; "Dy miljoenen iens silligje sil!"

It bringt my yn de tiis; dy 'Miljoenen'. Sil myn lûd him aensen ek ferminge mei al dy stimmen ?

Miljoenen tinzen fleane troch my hinne ...

Feilich fiele

troch Posted on 2 Comments 1 min read 847 views

lilly_21Ik ha in eigen plakje wert ik my mysels wêze kin.

Dat gefoel hie ik eartiids al doe ik lyts wie. Dan siet ik under it plusentafelskleed dat rikte oant `e grûn ta. Der fielde ik my feilich foar strûnders sa als myn bruorren

Ik wis, der kamen se nèt de skonken fan myn âlders stienen yn `e wei. En der bouwde ik oan myn takomst wat ik letter wurde woe en sa en bespruts dat mei myn bear en poppe. Allinnich Bijke de hûn en Hiltsje de kat wisten fan dit skûlplak mar hawwe my nea ferret.

Letter yn myn libben ha ik altyd soarge foar in eigen plakje. Somstiden op de gekste plakken fan it hûs.

Bytiden op souder en dan wer under yn it sûterain. It foel net altiid mei om it geheim te hâlden. Man en bern misten my noch wol es in kear en sochten dan it hiele hûs ôf. lilly_11Doe ha wy meielkoar praat dat elk rjocht hat op syn eigen plakje wert elts syn dreamen dreame kin.

Ik tink noch faak oan it waarme smûke skûlplakje under it plusentafelkleed wert it allegearre begong.

Feilich fiele. Der giet it om ...

Tariedingen

troch Posted on 2 Comments 1 min read 823 views

"Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?" freget de soan.

"Wat bedoelst sto?" sis ik.

Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. "Kremearre as begrave." seit er.

Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al wat dien blykber.

Hichtepunten ùt it libben fan de freon waarden grut ùt metten op de muorre fan it gebou  ferweve tusken de taspraken . De freon as poppe, de earste dei nei skoalle en mem op 'e kant fan it swimbad en altyd mar wiuwe nei har soan.

Sa gong de grutte mannichte oanwêzigen troch it libben fan dizze jongfeint. Oan it ein waard er proaste mei in glês wite wyn .

"It giet om hoe jimme it regele ha wolle." gier er fierder; "Dan is it allegearre wat minder dreech."

"No, hoe moat it dan mei my?" seit myn man. "Ik ha mar in pear bernefoto`s. Fierst te min om in muorre fol te hingjen. Mei my binne jimme gau klear. Gjin karnaval."

"En mem dan?" freget de soan.

"Dat moat in fleurige tsjerketsjinst wurde mei in protte humor, musyk en sjongen." sis ik; "As ôfslùting meie do en dyn broer wat oer my sizze. Wat jimme altyd al sizze woene mar nea fan kaam is."

Tariedingen.

Alhoewol... ik ha noch in foto fan doe ik yn 'e bernewein siet. Dy soe wol geskikt wêze.

Langsme

troch Posted on 5 Comments 0 min read 1374 views

Naamloos-2

Wêrom haw ik altiid langsme nei in tiid dy`t foarby is? Langsme nei myn jonkheid eartiids?

Ach, it libben wie sa feilich; heit en mem hiene noed foar my. Ik gean yn tinzen wêrom nei myn boaskjen.

Myn man en ik hawwe ùs bêst dien om fan ùs houlik in sùkses temeitsjen. Langsme nei de tiid doe`t wy sels bern krigen.

As ien my freagje soe 'wat wie dyn gelokkichste tiid?', dan wit ik net ik. Kin it net beneame.

Ik ha my faak gelokkich field mar likernoch ûngelokkich.

Wat is dat dochs, dat gefoel fan langsme? Is dat soms in gefoel fan gemis as bijgelyks unwennigens? Langsme kin ek wêze dat jo hjoeddedei wat wichtichs misse yn jo libben.

Ik wit it net. Ik sil sykjen bliuwe nei in antwurd, as soe dat allinnich mar  ferlangjen wêze ?  As soe it folsleine by it ûntstean fan in minske ynbrocht wêze ?

Langsme,  nei in bettere wrâld wer`t gjin fjechtelingen  mear omdoarmje  hoege?

'It folsleine wert gjin langsme mear bestean sil' seit it wurdboek.
Langsme.

De nije tiid

troch Posted on 2 Comments 1 min read 946 views

Naamloos-1Ik wachtsje op de bus nei Drachten. Hy is wat te let mar ik ha de tiid. It jout my de romte om wat om my hinne te sjen.

Kloften jongelui steane te wachtsjen om nei Oerol te gean. Frysk wurd der net sprutsen, mear Yngelsk sa te hearren. Grutte musykinstruminten wurde meitôge.

Nei dat ik in plak fûn ha yn de bus oersjoch ik de reizgers. It binne allegearre jongelju. Se studearje yn Grins, tink ik.

Se hawwe musykdopkes yn de earen en in smartfone yn `e hân. De fingers fleane oer it skermke, de measten dogge in spultsje. Se libje net yn de no-tiid mar binne yn oarloch mei virtuele fijannen.

Wer is de tiid bleun dat de lju allinnich mar oan it skiljen wienen en der Stilte Kûpees komme moasten?

Ik moat ùtstappe. In bûtenlânske swarte man mei flechtsjes yn it hier seit; "Gaat het, mevrouw?" en helpt my kûlant by it ùtstappen.

De oaren rinne hastich oan my foarby as bestie ik net mear. De dopkes noch yn de earen en de telefoantsjes  yn `e hân.

De nije tiid... myn foaroardielings moatte yngeant op 'e helling.

"It giet dy goed, jonge." sis ik en jou him de hân.