Tariedingen

Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?” freget de soan.

Wat bedoelst sto?” sis ik.

Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. “Kremearre as begrave.” seit er.

Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al wat dien blykber.

Hichtepunten ùt it libben fan de freon waarden grut ùt metten op de muorre fan it gebou  ferweve tusken de taspraken . De freon as poppe, de earste dei nei skoalle en mem op ‘e kant fan it swimbad en altyd mar wiuwe nei har soan.

Sa gong de grutte mannichte oanwêzigen troch it libben fan dizze jongfeint. Oan it ein waard er proaste mei in glês wite wyn .

It giet om hoe jimme it regele ha wolle.” gier er fierder; “Dan is it allegearre wat minder dreech.

“No, hoe moat it dan mei my? seit myn man. “Ik ha mar in pear bernefoto`s. Fierst te min om in muorre fol te hingjen. Mei my binne jimme gau klear. Gjin karnaval.

En mem dan?” freget de soan.

Dat moat in fleurige tsjerketsjinst wurde mei in protte humor, musyk en sjongen.” sis ik; “As ôfslùting meie do en dyn broer wat oer my sizze. Wat jimme altyd al sizze woene mar nea fan kaam is.

Tariedingen.

Alhoewol… ik ha noch in foto fan doe ik yn ‘e bernewein siet. Dy soe wol geskikt wêze.

2 Comments on “Tariedingen

  1. Dat fan dy musyk en dat sjongen wit ik noch net hear, mar in bytsje humor sil wol slachje.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien