Wachtwurd Hoe gie dy ek alwer?

Hoe voel je je vandaag?” freget Facebook my. “Wat attint!” tink ik dan; “Wa soe dat no wichtich fine?” “Je hebt er weer een nieuwe vriend bij.” seit hy efkes letter. No, dat is moai fansels, mar wa is dat dan? “Je hebt een vriendschapsverzoek.” seit hy in noch in kear. Der moat ik mear [Lês mear »]

Fans Hope hâlde...

Ja, minsken ik ha fans. Trije. Dat kin net elkenien sizze. Mar der binne oaren dy’t fansels tûzenen fans hawwe. Dy geregeldwei yn Carré, De La Mar, It Posthûs steane, of yn in of in prominint boekeprogramma. Sa fier bin ik noch net. Mar ik sil nei alle gedachten nea op de middenstip fan it [Lês mear »]

Ôfslute

Noch efkes, dan kinne wy dit jier ôfslute. Sa as elk jier mei goeie foarnimmens. Ophâlde mei ynslype gewoantes. Yn it foarste plak komt it smoken wer oan bod en dan it gewicht. Mar ek sei immen; “Ik wol faker nei ùs mem. Dy ha ik ferwaarleaze.” Der wie ek immen dy woe wat mear mei syn [Lês mear »]

Ds. Hasperskoalle

Der moatte sân skoalgebouen sloopt wurde stie sneon yn de Ljouwerter: Grou, Akkrum, Warten en Jirnsum. Oan de Hasperskoalle ha ik noch goeie oantinkens. Doe, destiids, gong ik nei de hushâldskoalle mar dy hie gjin eigen gebou. De lessen waarden ferdield op  ferskate lokaasjes. Sa as it Waaggebou, de Ulo en de Ds. Hasperskoalle. Allegearre yn [Lês mear »]

In Miening

In bekinde Nederlander sei yn in ynterview; “Se hawwe allegearre in miening oer my. De iene fynt my geweldich en de oare fynt my in lul.“ In waarman sei; “Se fine my hiel sympatyk salang it moai waar is. Komt it oars ùt dan bin ik in fint fan neat.“ Wat is dat dochs dat wy sûnder [Lês mear »]

7.7 prosint

“Binne wy gelokkich?” Er is ûndersiik dien ûnder de Nederlanders oer lokkich wezen. En 7.7 prosint fan de befolking seit dat hy gelokkich is. Hja hawwe betrouwen yn it regear en hawwe in protte kontakten. It hat my oan it tinken set. As jo de media leauwe moatte dan is er altiid in protte argewaasje [Lês mear »]

Op `t skik

“Meitsje jimme mar klear. Ik kom er oan.”  Femylje, freonen en goed kunde: set mar fêst kofje, dizze frou komt er oan. It is yn oarder kaam. Dit minske hat taksjeferfier krige. It frommeske liet juster witte dat nei lang hiel lang berie it mar heve moast. Ik seach har yn myn gedachten sitten om [Lês mear »]

Lilk

De telefoan giet. It frommeske seit dat sy fan de WMO is. It giet oer it taksjeferfier. Se leit ùt dat sy in probleem hat. “Sis it mar.” sis ik noch fleurich. Want mei sokke minsken kin jo better in borrel as sûpe drinke. Ùs gemeente hat ek lêst fan de resesje. En nò moat rûnom [Lês mear »]

Ynteraksje

Ik bin ùtnoege troch in lêzer fan myn webside. En sa mei ik fertelle oer myn aventoeren op it web. As alle handelingen foarby binne dy hearre by in gearkomste  mei ik oan it wurd. It is in âlderein ploech dat ik lis earst ùt wat in webside ynhâld. Lokkich bin er in pear minsken [Lês mear »]

>