Lilk

troch Posted on 17 Comments 1 min read 1148 views


De telefoan giet. It frommeske seit dat sy fan de WMO is. It giet oer it taksjeferfier.

Se leit ùt dat sy in probleem hat. “Sis it mar.” sis ik noch fleurich. Want mei sokke minsken kin jo better in borrel as sûpe drinke. Ùs gemeente hat ek lêst fan de resesje. En nò moat rûnom wer`t wat wei te heljen is er oan leauwe.

Sa ha guon gemeenten gjin jild mear foar sosjale belangen sa as it ferfier fan de âlderein.

Op de achtergrûn hear ik har sizzen; “Kunt u niet van de buren gebruik maken? En heeft u geen kinderen die u mee willen nemen?

Ik fiel dat ik nitelich wurd en sis tsjin my sels; “Nò oppasse, fanke. Bliuw in dame.” Mar ik lykje op ùs mem. Wy kinne nèt oer onrjocht en botse der yn. Dochs hâld ik my yn. Wat helpt it as jo lilk wurde?

Werom moat der altyd besunige wurde op saken dy hardstikke nedich binne foar gewoane minsken?

En as it nò es sport wie. Ik bin lilk.

Print Friendly, PDF & Email
0 0 vote
Article Rating
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
Abonnearje
Notify of
guest
17 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Elske

Wat tinkt jo fan in it ferskynsel “golfkarre”? Noch sportief ek 😉
http://www.kidslodge.nl/seniorenvervoer
 

Elske

It liket my in spultsje ta fan wat plak dit it earst foar elkoar hat de primeur fan Fryslân hat.

gédé

ik betink my no, wêrom keapje jim net in `brommobiel`? Hawwe jim neat te krijen mei WMOfroulju `dy it sa goed bedoele`…. Kreatief tinke is en bliuwt it toverwurd fansels;-))

Elske

It falt net ta wat fan de WMO te lúzjen. Wat in argewaasje. Ik tink net dat jo de ieniche binne dy’t hjir mei te krijen hat.
Hoe soene jo it dwaan as jo sels efter it WMO loket soene stean mei in skraal budzjet en dei yn dei út minsken mei har ferhalen foar de toanbank hiene? Miskien meie jo wol in dei stage rinne by it WMO loket.

Elske

Ik tink dat jo noch in soad lilk kinne wêze, foaral as jo de thússoarch echt nedich binne.
 

gédé

Yn Damwâld sit in bedriuw dy`t 2dehâns brommobielen ferkeapje foar in ridlike priis. En nee, ik haw dêr gjin oandielen;-)). Ik haw in âld bourfrou fan 90 jier en mei har bin ik dêr west omdat sy selsstannig bliuwe wol en sy hat sa`n 2000 euri betelle mien ik. Mei garânse en service der op ta. WMO minsken binne yn`t wurk foaral ambtenaren… in freondinne fan my wurket der. Yn har frije tiid in skat fan in fanke, op har wurk lûkt sy in harnas(ke) oan… binne har eigen wurden. It is dreech wurk en dat leauw ik fuortendaliks… 

Elske

Ik tink wol es hoe moat it mei de minsken dy’t gjin bern ha of bern ha die fier wei wenje of allinich jongens ha of bern ha die wurkje en it wurk net sa út hannen falle litte kinne. Makket dat jo net benaud?

Elske

Ha jo al in rollator oanfrege by de syktefersekering? Jo kinne him earst wol op souder sette. Dit jier sit hy noch yn basisfersekering.  Ek in kaaikasje by de efterdoar fan it Helpmiddellen Sintrum is handich. De kaai kin der letter wol ien as jo it dan brûke moatte.   In mem fan in freondin hâld troch it jier in listje by fan putsje yn en om hûs. De bern nimme allegearre tagelik frei en dogge dan alles.  (hândgrepen yn wc, badkeamer en sliepkeamer, hege wc en bêd, lampen ferfange, wetterkranen, snoeie en seagje, doar fanút de keamer te iepenen,… Lês mear »

trackback

[…] Kategorie « Lilk […]

Appelvrouw

Ik snap dat je lilk bent. Dat begin ik ook te worden, heb jaren gebruik gemaakt van gehandicaptenvervoer, toen ik bij Vroems ging wonen heb ik het niet opnieuw aangevraagd, teveel gedoe voor korte tijd, door de molen enzo… Maar hier in Groningen hebben ze de fietstaxi: http://www.fietstaxigroningen.nl/informatie.html Dat zal bij jullie wel niet zijn. Ik ga nog sparen voor de hondenkar, lijkt me ideaal! Een comfortabele kar waar ik lekker languit in kan liggen en een paar blaffende honden er voor! Zo kan ik overal naar toe, en nooit een slot mee want de honden bewaken de kar. Een… Lês mear »

Appelvrouw

Gaan we Friesland onveiligmaken!
k zal zien of het te regelen is.

Previous
Finzenis

17
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x
WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien