Oer mijsels
De bedoarne
Ik stean by de kassa fan in gruthannel. De rinnende bân stiet grot fol en kin hast net foar ùt komme. “Der koe wol ien jierdei wêze.” seit de kassiere. “Ja,” sis ik; “flak foar de peaske. Tref ik dat eefkes.“ “Hoe âld wurde jo?” seit se frijmoedich; “Jo lykje in goeie sechtiger.” seit se … Read more
Kin it as kin it nèt
“Kin it as kin it nèt?” freegje ik myn soan. Ik ha in stikje makke oer in goedkunde. Mar faaks bin ik yn twastriid: is it werkenber foar dy persoan. En de lju sizze “dit giet wis oer Gurbe as Griet.” Minsken ha my yn de besnijing, dat is altyd al sa west. Hja boeie … Read more
Skriuwerij
“Wolsto yn ùs tsjerkeblêd skriuwe?” freget it frommeske; “Ien kear yn de moanne wurd it ùtjûn. En no ha wy tocht as redaksje der moat ek es wat deistiche teltsjes yn.“ “Jo oerfalle my hjir mei.” sis ik. “Tink er mar es oernei.” giet se fierder; “Mar we wolle it wol rillegau witte.” “Moast dwaan,” seit myn man; … Read more
Oanpassingsvermogen
“Mem moat in iPad ha.” seit myn soan. Ik hie krekt in mobyltsje oanskaft fan de Anbo. Ien mei ferljocht skerm en grutte sifers. En as hy ôfgong krigen jo hast in beroerte. Nei in hiel skoft bestudearjen want alles is yn in fremde taal. Hie ik it einlik troch. En no moat ik in iPad … Read more
Dan komt de maitiid
Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân.Dan laket alles, alles ùs sa oanDe moaie maitiid mei syn blauwe loft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. Ik sit plat op`t gat op ‘e grûn en sjong sa lûd as it kin oer de … Read more
Hacker
“Wolst efkes nei myn kompjûter sjen? Bin ik wol goed befeilige?“ Ungerèst skilje ik mei myn soan. “Der is in hacker dwaande.“ Al ùs gegevens, materiaal mar ek ùs sinten binne nèt feilich op de kompjoeter. Nò ja, folle ha wy nèt op de bank, dat sil foar de hacker nèt de muoite wurdich wêze, … Read more
Fotomodel
Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan? Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde. En sa stiet … Read more
Beppe
“Binne jo al beppe?” “Hoe sa?” sis ik. Hûnderd kear wurd my dat frege. “No ja. Jo hawwe de aldens.” is it antwurd. “Hawwe jo al beppesizzers?” komt er faaks achteroan. As ik dan skodholje komt de fraach; “Misse jo dy dan nèt?” “Nè,” sis ik; “ik wit net wat dat is. Wat jo net kenne, misse jo … Read more