€20.000.000 Wat soe ik der mei doen?

7Tweintich miljoen! Dat soe moai wêze!  

Eltse moanne falt er in steatslot op de doarmatte. En altyd tsjin better witten yn rekkenje ik my ryk. Ik sjoch earst nei it lêste nûmer.

De sân hat myn foarkar. Wêrom wit ik net. Miskien in hillich getal? Mar faaks stjoere se my op it ein in nul. No, dan witte jo foarút al dat wurd neat. Ik sil es mei hun skilje dat ik allinne mar de sân wol.

De steat is ûnderwilens ryk fan my wurden. Al jierren doch ik mei. Dat moat in moai bedrach oplevere ha.

“Moast opsizze,” seit de man; “begrutlik fan it jild.” Mar de hoop bliuwt. Wêrom ik net en in oar wol?

En yntiids bin ik de miljoenen oan it ferdielen. De âldste soan woe graach syn flatsje opknappe. “Dat kin, jonge.” sis ik de oare moanne. De twadde soan wol it jild brûke foar syn sportfleaner. De tredde soan… No, dy hoech ik it net iens te freegjen. Der is elk miljoentsje wolkom.

Foar ús sels bin ik noch net út. Wy hawwe alles al. No ja: àlles? It meubilêr is wat fersliten en it flierkleed wurdt wat feal. In nije kompjûter soe ek net gek wêze.

En sa bin ik oan it partsjen.

 €7.50 hat it dizze kear oplevere. Wat moat min yn de goedichheid mei sa’n skytbytsje yn dizze tiid fan resesje? De oare moanne… dàn komme de miljoenen. It moat dochs in kear barre? 

Jimme hearre der wol mear fan.

LÊS EK:  Omtinken
  • Ah, als je wint dan krijg je heel veel fans want wij (ik) willen graag een paar graantjes meepikken, is toch ook veel leuker om het met anderen te delen dan je eigen bankstel te vervangen en daar alleen op te zitten?

  • >