Ds. Hasperskoalle

Der moatte sân skoalgebouen sloopt wurde stie sneon yn de LjouwerterGrou, Akkrum, Warten en Jirnsum.

Oan de Hasperskoalle ha ik noch goeie oantinkens. Doe, destiids, gong ik nei de hushâldskoalle mar dy hie gjin eigen gebou. De lessen waarden ferdield op  ferskate lokaasjes.

Sa as it Waaggebou, de Ulo en de Ds. Hasperskoalle. Allegearre yn Akkrum. Wy wine altiid onderweis op de fyts  en mei de grutste wille fansels. Meer healwiizje dan leare tink ik nò.

Oan de Hasperskoalle stie as haadmaster Lyklema. Hy wie mear psycholoog as underwizer.

Op in kear sei hy tsjin my; : “It rapport komt er oan. Der moatte wy wat oan dwaan.” Ik wie net san stjer op it taalgebiet. “Ik soargje” sei hy; “foar in gedicht en do moast it foar de klasse foardrage.” Ik kaam thus mei in prachtich sifer foar taal.

Dy man seach dat de kwaliteiten fan dat famke fan tretsjen op in hiel oar med lei…

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien