Ynteraksje

troch Posted on 1 Comment 1 min read 177 views

Ik bin ùtnoege troch in lêzer fan myn webside. En sa mei ik fertelle oer myn aventoeren op it web.

As alle handelingen foarby binne dy hearre by in gearkomste  mei ik oan it wurd. It is in âlderein ploech dat ik lis earst ùt wat in webside ynhâld. Lokkich bin er in pear minsken dy bekind binne mei dit fenomeen.

Nei elk ferhaaltsje komt er reaksje. De minsken komme los. De iene nei de oare ferhellet oer it ferlies fan in bern as in dierber famyljelid. De stikjes oer eartiids helje in soart fan tebektinkens. Mar ek oer memmen reitsje se net ùtpraat.

It frommeske neist my seit fertritlik; “Ik ha myn mem nea kent. Se is yn it kreambêd ferstoarnt.

En sa roppe myn stikjes in protte reaksjes op. Regelmjittich moat de foarsitster mei de hammer de oanwêzigen ta stiltme moanje.

Der komt in gefoel fan gelok oer my. Dit is de bedoeling fan myn stikjes; de minsken fertelle litte oer hun eigen libbens en dat mei oaren te dielen.

Wannear komme jo wer?” freegje se…

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
gédé
Guest
gédé

en? wannear giest wèr, it liket as bist fernúvere dat minsken diele wolle, wylst skriuwst dat dat is was`t wolst dochs? Moai stikje en fansels gewoan trochgean! Ik lês dy altyd mei nocht!
groetnis en in moai wykein! 

Previous
Gearkomste

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien