Ôfslute

reflectieNoch efkes, dan kinne wy dit jier ôfslute. Sa as elk jier mei goeie foarnimmens. Ophâlde mei ynslype gewoantes.

Yn it foarste plak komt it smoken wer oan bod en dan it gewicht. Mar ek sei immen; “Ik wol faker nei ùs mem. Dy ha ik ferwaarleaze.” Der wie ek immen dy woe wat mear mei syn sibben skilje yn pleats fan email as sms.

Sa hat elk syn winsken mar ek syn goeie foarnimmens.

Ek ik ha by tiden myn nuveraardichheden. Dat hat mei myn aard te krijen. Dat komt, ik ha de knopen fan ùs mem oan it jak sitten. Ik  ha gjin geduld en tiid foar de dingen. Somtiden lit ik minsken net iens ùtprate. Altyd gysten en healwiis. 

Mar ik sil my ferbetterje. Dat ûnthjit ik jimme. Doch de doar fan de âlde tiid mar ticht en set de nije waachwiid iepen.

It giet jimme goed, ferjit de humor nèt. Dy is fan libbensbelang.

One Comment on “Ôfslute

  1. Bliuw dysels en lit de lju mar rabje is myn motto àl jierren!
    Ennuh op dyn leeftyd noch feroarje???? Ik hâld myn hert fêst;-)))

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien