Fans Hope hâlde...

Ja, minsken ik ha fans. Trije. Dat kin net elkenien sizze.

Mar der binne oaren dy’t fansels tûzenen fans hawwe. Dy geregeldwei yn Carré, De La Mar, It Posthûs steane, of yn in of in prominint boekeprogramma. Sa fier bin ik noch net.

Mar ik sil nei alle gedachten nea op de middenstip fan it Abe Lenstra komme te stean. Of yn in kroade mei Fryske boeken lizze. Ik sil nea in útnûging  krije foar it boekebal. Net neamd wurde by ferneamde Fryske skriuwers. As frege wurde foar Omrop Fryslân (wol, dus!), Afûk as de Fryske Akademy.

Mar min kin ek net alles hawwe. En derom bin ik bliid mei myn trije fans; hja motivearje my. Tûzend kear wol ik al ophâlde mei myn skriuwsels en it boartsjen mei de taal. 

‘Wannear komt er wêr wat?’, seit de ien.

‘Hast al wêr in nij stikje?’ freget de oare.

En de tredde seit: ‘It wurdt hieltyd better.’

Och, misskyn wurdt noch wol es wat…

LÊS EK:  Onder De Linden
>