Wachtwurd Hoe gie dy ek alwer?

facebook

Hoe voel je je vandaag?” freget Facebook my. “Wat attint!” tink ik dan; “Wa soe dat no wichtich fine?”

“Je hebt er weer een nieuwe vriend bij.” seit hy efkes letter. No, dat is moai fansels, mar wa is dat dan?

“Je hebt een vriendschapsverzoek.” seit hy in noch in kear. Der moat ik mear fan witte.

Mar wat ik ek besykje: ik kin er net ynkomme. Myn wachtwurd doocht net seit er. De brûkersnamme, der kin it ek wol es oan lizze. En sa bin ik in skoft oan it griemen. Ik moat in nij wachtwurd oanfreegje fynt hy fan Facebook. “No, toe dan mar. As hy dat sa graach wol.“

Wat sil ik dwaan? Myn bertejier miskien? Nee, dat hoecht hy net te witten. Der binne grinzen fyn ik. It bertejier fan ús hûn… Dy ferjit ik net.

Einlik slagget it my en wurd ik akkoart befûn. Efkes opskriuwe op de efterkant fan de tv-gids, oars bin ik it wer kwyt.

Mar wa binne dy freonen dan? As ik no es siik wurd, de gryp krij as sa, soene hja dan ek lâns komme mei in boskje blommen? As sa mar ûnferwachts om in bakje kofje? Dan kin it wol es drok wurde!

Minsken, ik bliuw myn bêst dwaan mar ik ha tiid nedich om myn grutte freonenkring kenne te learen.

“Wer is dy telefyzjegids bedarre?“

“Och, dy leit by it âld papier.” seit hy.

LÊS EK:  Frijheid
  • Moai dat jo ek facebook hawwe. Ik mei der wol oer as minsken mei de tiid meigeane. Fannewike sil ik ek in account foar myn heit oanmeitsje, hy sit al in pear jier op msn mar heart ús, syn bern, oer facebook praten. As der wat ferteld wurd dan sizze wy ‘oh dat ha wy al op fb lêzen’. Hy sil wol tocht ha, as ik op’e hichte bliuwe wol wat der yn’e famylje omgiet dan moat ik it ek mar ha. Myn mem moat neat fan’e kompjûter ha. Ûndingen funt se.

  • 🙂
    Succes, je zult vast heel leuke vrienden krijgen.

    ik was een blauwe maandag op faceboek omdat mijn (Friese) vriendin daar actief is, en we zo contact konden houden.
    Leuk! Maar… ik snapte niet waar ze het over had, de kat moest een keizersnee, kosten: 300 euro. En ze werd verliefd, op een motor.
    Ja, maar dat had ik liever rechtstreeks van haar gehoord dan via facebook.
    Ze had ook in een week tijd wel 50 vrienden. Hoe kwam ze daar aan?
    Ik kreeg in een week 1 verzoek, en dat was van haar.
    Om me niet eenzaam te voelen of onzeker te worden over mijn sociale kwaliteiten heb ik het account onmiddelijk opgezegd, dat ging niet eens, ze gaven me nog een tijd bedenktijd, als ik dan inlogde werd mijn opzegging opgeheven. En toen kreeg ik na nog een week vriendenverzoeken. Terwijl ik een leeg faceboek had.

    Maar pas je wel op met die tv gids? 🙂
    .

  • >