Op `t skik
“Meitsje jimme mar klear. Ik kom er oan.”
Femylje, freonen en goed kunde: set mar fêst kofje, dizze frou komt er oan. It is yn oarder kaam. Dit minske hat taksjeferfier krige.
It frommeske liet juster witte dat nei lang hiel lang berie it mar heve moast. Ik seach har yn myn gedachten sitten om in hiele grutte tafel. It frommeske oan it haad. Se moast wit hoe faak mei de hammer slaan want se koene der nèt ùtkomme.
Myn reaksjes ha holpen: se koene mei goed fertsoen nèt mear om my hinne. Dus Elske, Gédé en Appelfrou; ik kom er oan.
As jimme wol sa bliid binne… dat is in oar ferhaal. Mar dit minske is yn elts gefal op`t skik.
3.321
Mear fan dit...
Category:
Minsken, Oer mijsels
Ferdeald, jo ha it oprêd! Jo wurde no ús razende reporter fanôf de efterbank fan de taksje.
Ik ha de kofje brûn.
Dúvekater, dit liket der op! Lokwinske!