Untslein

Hy is wer thus. Untslein ût it sikehûs. Unwennich stiet er yn de keamer. “It is hjir oars. Hast de keamer feroare?” Ik moat ta jaan: de wike dat er foart wie ha ik my goed ùt tjirge en alles op ‘e kop setten. It meubilèr stiet oars: banken en tafeltsjes stean op in oar plak. [Lês mear »]

Besikersoere

“Ik bin hjoed oerbeppe wurden!” ropt in âld minske; “Binne  jo ek al beppe?” Op myn nè noch net, giet se troch. Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch [Lês mear »]

Yn ‘e sûs

Wy steane by syn bed. Myn man hat in nije knibbel krigen. Noch yn ‘e sûs fan de narkose hat hy de eagen ticht. “Hoe is it mei dy?” In oerstalliche fraach mar wat moat min oars sizze? “It wie dreech…“, sei de suster; “De narkose wie net tarikkend genoch.” Ik sis noch; “In poat fan [Lês mear »]

De Paraglider II

Mei in ôfgriiselike grutte rêchsek stiet hy midden yn de keamer. Ùs paraglider sil (wer) nei Afrika. Hy is in fanatyk fleaner. Al wiken fan tarieding binne foarby gong. In heal jier allyn hat er fleantickets bestelle. “Dat skeelt my hûnderden euro`s…“, seit er. Fan alles waard troch de besteltsjinst by ùs thus besoarge. Ûnwiis [Lês mear »]

Boadskipje

“Kin ik mei dy te boadskipjen fanne middei?“, freegje ik de soan. Hy is even thùs mei de auto en dan moat ik myn trekken waar nimme. Dat gesjouw mei dy swiere tassen èk. “Jawol.” seit er. It klinkt net sa entûsjast. Ik ha in suster mei fjouwer soanen en fjouwer skoandochters. Twa der fan [Lês mear »]

Technyske depresje

“Fynst sto it hjir ek sa kâld?” freegje ik myn man. It is sneontemoarn. In noflike moarn; wy moatte neat. Mar hjoed is it oars. De ferwaarming docht it net en dat mei 10 graden ûnder nul. Ik wol nei de steuringstsjinst skilje mar de telefoan docht it net. Dea as in wjirm. Wy hawwe [Lês mear »]

Humoristysk

“As mem in humoristysk andert jout moat mem in laitsjend kopke der by sette. In smiley.” “Hoe doch ik dat en wer kin ik dy smiley fine?” sis ik. “En werom moat dat? Wurden sizze mear as symboalen. As ik fyn dat it humoristysk is dan ha ik der nèt tekens by nedich.” “Mar dat [Lês mear »]

Stofsûgerje

Stofsûgerje, der is gjin minder wurk dan dat. Wat ha ik der in hekel oan. En dochs moat it mei in hushâlding fan minsken en beesten. Mar bleun it der mar by. Sa bin ik regelmjittich op myn kompjûter oan it stofsûgjen. It moat oprèdden weze. Myn mailboks moat oersichtelik weze. Gjin reklame as rommel [Lês mear »]

Dôvens Wat?

Wat sei sto?” Hûnderd kear deis hear ik dat. Ik sit yn in leeftiidsk kategory dat in hiel soarte minsken om my hinne dôf wurde. In diel derfan ontkent dat sy der lêst fan ha, se wolle der net oan ta jaan. As net wêze wolle want dan lit jo blike dat jo net mear de [Lês mear »]

>