De Famylje
Keninginnedei
Keninginnedei 30 april 1960. Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa) in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid … Read more
Wiet
“Mem moat wol oppasse, hear!” seit myn soan. “Werom?“, sis ik; “Ik gean de doar net út.“ “It kin wol es stoarm rinne, aanst…“, giet er fjirder. “Hoe sa?” freegje ik. “Nò, sat it nò liket ferkeapet mem wiet.” “Hâld dochs op.“ Ik ha it stek krekt ferve en as warskôging stiet er ‘WIET’ op. … Read more
Grien
Alles moat grien wèze hjoed de dei. Want dat is pas natuerlik. Griene taksjes en bussen, griene tsies, griene aaien en griene stream. It moat allegearre ECO wèze. En yn dat ramt wol ik ùs tùnskuttings ferve. Grien fansels. “Moat dat nò?” seit myn man; “dat diene wy in ieu allyn ek al.” “Nò,” sis … Read more
275 Breed en 115 Heech
Jûns let giet de telefoan; “Mem, ik kom der oan, hear!“ “Wannear?” freegje ik. “Nò, dat kin wol es let wurde want ik stean by Utert yn de file.“ It is sneontejûn. Ik sit noflik underùt nei in spannende detective te sjen. Krekt op it momint dat de moardner ta slaan sil giet de doar … Read more
Ùtpûste
“Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.“ En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò … Read more
Polityk engazjeare
“Wat ferliest dy Party fan de Arbeid, nèt?” “Dat giet allegearre nei de S.P.” ropt ien. “Nò,” sis ik; “dy Roemer, dat fyn ik in sympatyke fint. Hy hat san iepen gesicht en in soart humor. Hja falle allegearre oer my hinne.” “Der giet it nèt om. Wat is de ynhâld fan syn programma?” En … Read more