Unyke gearwurking
De Meniste tsjerke sil in yngripende ferbouwing ûndergean. It is in gebou ùt de 17 de ieu en is nedich oan restauraasjen ta. It dak is min en de grûn is fersakke.
Der binne ferskate aksjes op touw set. Mei rommelmerken, boekeferkeap en konserten is er in fiks bedrach byelkoar skrabbe. Nèt te ferjitten mei help fan de ferskate sponsoren en ynstellingen.
En no is it safier; de oannimmer kin begjinne.
Troch de baptistengemeente ‘Pniel‘ is sa lang de ferbouwing duorret ûnderdak ferskaffe. Al in pear jier binne der kontakten west. Fan beide kanten is er respekt en begryp foar elkoars leauwen en grûnbeginsels.
In unyke gearwurking tusken Menisten en Baptisten. Moat dochs kinne?
2.687
Mear fan dit...
Category:
D'r is meer..., Minsken