Frerik & ik

Frerik èk in kopke tee?”
“Ja wis…”, sei Frerik. 
“Asjebleaft.
Sille wy efkes ite, Frerik?
Ja, dat kinne wy wol dwaan.

En sa gong dat petear de hiele dei troch. Frerik wie in âld feint en wenne allinne. En ik tink dat hy hiel iensum wie. En sa krige hy de bynamme Frerik & ik.

Yn myn doarp wiene mear aparte bewenners. Der wie ek in skytskjinne buorfrou. Elke maitiid waart de kachel yn it stap tôge wat in heidensk karwei wie. By de Boarn, dy troch it doarp rûn wiene houten stappen makke. Der koene minsken eartiids hun wask dwaan. En der waard dan de kachel ùtspield. Oant sy op in kear it lykwicht ferlear en mei kachel de Boarn yn gong. Mar der wiene altiid minsken yn de buert en hellen har der wer ùt.

Tsjin de gevel fan de ienigste kappersaak stienen altiid fietsen fan klanten. En sa koe ik fietsen leare: efkes in fiets liene, gau in rûntsje om yn it doarp en dan hurd wer del sette. Op in dei gong it mis, hoe wit ik net mear, mar ik bedarre mei fiets en al yn de Boarn. Under it kroas sette ik de fiets teplak.

Ek woe der es in frou har fersûpe mar foar dat sy yn de Boarn sprong warskouwe sy earst de buorlju. Dy seinen; “Lit har earst mar efkes spartelje, dan docht sy it fèst net wer.” Ek hiene wy in buorman mei ien earm. Myn buorfamke en ik hiene dan spul om de lege mouwe. De man hjitte dan ek Bouke Earm. Sa kin ik nog hiel wat ferhelje oer de minsken ùt myn doarp.

Dit wiene samar wat anekdoates ùt myn jeugd oer wat him ôfspile om de rivier de Boarn hinne.

3 Comments on “Frerik & ik

  1. Het mooie van een dorp is dat er nog mensen wonen en geen massa. Ieder dorp zal wel wat van die mensen hebben die een opvallende persoonlijkheid hebben.
    Hier in de stad is het een grote massa.

    Nou, vertel maar verder, mag van mij ook wel iets uitgediept.

  2. ‘t Is wat it Appelfrommes seit; mear details wolle wij. Miskien in stikje per karakter? Dat moat een soarte stikjes opsmite; Boarn sit d’r fol mei.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien