Oantinkens

In âlde man rint mei in lyts famke oan `e hân troch it doarp. Se sille nei`t tsjerke ta. Se hawwe alle tiid, it is ier op ‘e middei. Se is bliid. Se kriget altiid in pipermuntsje fan him mar net ien, somstiden wol in hân fol. Dizze middei wie it oars. “Ik ha wat foar [Lês mear »]

Wer wiene se….

“Wat wiene der in protte  minsken net?” seit se. Se hie har man al jierren allyn ferlen mar hjoed is hy te hôf brocht op it tsjerkhôf fan syn bertedoarp. Al in skoft fernaam se dat it net mear wie sa as it altyd west hie. Hy begryp  har net mear. Se hiene altyd mar [Lês mear »]

De foarùtgong

Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen. Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid. “Nuver,” seit de man neist my; “dizze strjitte [Lês mear »]

Foltôge libben

We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net.” seit se fertrietlik. Myn freondinne hat it er dreech mei. Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo [Lês mear »]

Grouwens

Myn buorfrou komt efkes lâns. Docht se wol faker. It kin moarnsier as op `e neimiddei wêze. Yn `e fierte hear ik ha al oan kommen. Eltse sin wurdt bekrachtige mei in grouw wurd, faaks mei in flokwurd. Fersichtich ha ik har der al es op attindearre. In skofke gong it goed, mar do wie [Lês mear »]

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?” freget it jonkje. Se sitte mei hun fjouweren op it skoalhek. Se ferfele hun in bytsje. “Wer geane jimme hinne mei de Kryst” seit it jonkje noch in kear. ‘It is no ùs mem har beurt.” giet er fierder; “Mar ik ha der gjin nocht oan. Ik mei dy frou net dy it [Lês mear »]

Lilk

Ik bin lilk. Ik sil jimme sizze wêrom. In ferpleechster dy ùs sa no en dan opsiket, sei; ‘Jo moatte sjen om in alarmknop foar jo man. Want as jo fuort binne en hy falt, dan kin hy op dy knop drukke.’ Sa sein, sa dien. Earst mar nei de hûsdokter skilje. ‘Dat wurdt dreech,’ [Lês mear »]

Wist noch wol?

“Wat hasto dochs mei it doarp?” seit myn suster. Se hat nea wat hân mei ùs doarp wert wy berne en opwaakse binne. Ik wol. Fan jongs ôf oan wie it myn doarp. De minsken wert ik allinnich de foarnamme fan koe mar net de efternamme. Hun aardichheden en onaardichheden  dy wist elken ien. Der wie in [Lês mear »]

>