De wrald

Lilk

troch Posted on 1 Comment 1 min read 573 views

505264388
Ik bin lilk. Ik sil jimme sizze wêrom.

In ferpleechster dy ùs sa no en dan opsiket, sei; 'Jo moatte sjen om in alarmknop foar jo man. Want as jo fuort binne en hy falt, dan kin hy op dy knop drukke.'

Sa sein, sa dien. Earst mar nei de hûsdokter skilje. 'Dat wurdt dreech,' seit de assistinte; 'de fersekering fan jo man is net sa noflik.'

En ja hear... in skofke letter skillet it frommiske fan de fersekering. Ik moast 'wat mear de doar ùt', ik wie 'net lang genoch fan hûs' seit se.

Do frege se as wy ek thùssoarch hiene en as dat net sa wie, dan wie it ek net needsaaklik.

'Ja mar,' sis ik; 'de oerheid wol dochs dat de âlderein sa lang mooglik thùs bliuwe ? Werom dan net mei in pear oanpassingen? Is ek noch folle goedkeaper.'

Soene wy net mei inoar massaal de alarmknop brûke moatte?

It giet my fier boppe de pet ....

Lilk.

Wist noch wol?

troch Posted on 4 Comments 2 min read 871 views

tsjerke-bewerkt"Wat hasto dochs mei it doarp?" seit myn suster. Se hat nea wat hân mei ùs doarp wert wy berne en opwaakse binne.

Ik wol. Fan jongs ôf oan wie it myn doarp. De minsken wert ik allinnich de foarnamme fan koe mar net de efternamme. Hun aardichheden en onaardichheden  dy wist elken ien.

Der wie in kristelike en in iepebiere skoalle. 'In fine en in grauwe' sei min wol. Der wiene Herfoarme,  Grifformearden en Menisten. De grutte brêge wie de grins; sneins gong elk nei syn eigen tsjerke. Der wie do ien Jehova tsjûge en in ynkele roomske dy gong nei Jirnsum.

Yn de oarloch learden wy inoar pas goed kinnen. Wy wisten fan elkoar; dy is fertrouwd en dy net dus pas op!

Mar foar it grutste part foarmen de doarpsgenoaten ien front tsjin oer de agressor.

Oantinkens fan eartiid komme somstiden samar by my boppe.

Hoe wy swommen yn de feart en ljipaaien sochten yn de maitiid. Mei myn bruorren it lân yn te fierljeppen. Myn earste feintsje wert ik stikem mei yn it singeltsje rûn. Grul, de skuonmakker dy neist de skoalle wenne en alle dagen de learkes fan ùs kleppers meitsje moast.

We hiene altyd bisten wert wat oan mankearre, in hûn sûnder poat en in kreupele kat. Kninen dy fet meste waarden foar de Krystdagen mar dy wy temûk los lieten as it safier wie.

"Wist noch wol?" sis ik tsjin myn suster.

Se begjint oer it waar ...

Seltsredsumens

troch Posted on 2 Comments 0 min read 542 views


"Jimme kinne gjin help fan de gemeente krije." seit de jonge man. We hawwe besite fan de Meitinker.

In aardige jonge man, neat mis mei. Nei in pear besiten komt hy mei in einbeslùt.

"Jimme hawwe tefolle ynkommen en dertroch falle jimme bûten de boat." en docht de learen tas ticht. "As jimme gjin sparrekken hân hiene dan wie it goed kart."

"Wer leit de grins?" freegje ik him.

"Jimme hawwe fiifentweintich euro te folle ynkommen yn 'e moanne om yn oanmerking te kommen foar help." seit er freonlik.

"Kom mar yn myn garage." seit de iene soan. "Dy sille wy foar bewenning rè meitsje en kinne jimme moai op ùs bisten passe."

De oare soan seit; "Ik bin er dochs noait. Jimme meie yn myn flat wenje, dan ik sil him bewenber meitsje en kinne jimme moai achter de dôven oan."   

Dweil trochwiet wurd ik wekker.

'Gjin garage. Gjin flat. We bliuwe wert wy binne en sille ûs sa folle mooglik sels rêde', nim ik my foar. Wat er ek barre mei.

De Meitinker giet mar nei minsken dy it nediger hawwe dan wy. Seltsredsumens ...

Ik wol der dea net lizze

troch Posted on 7 Comments 0 min read 673 views

Naamloos-1"Kom maar mee." seit se en rint kordaat foar ùs ùt. We hawwe oer en tiid ôfsprutsen, se sil ùs in pear apparteminten sjen litte.

De bern fine dat wy wat mear beskerming nedich hawwe,. Dat fine wy fansels net, dat is altyd sa. De gedachte allinnich al om hûs en hutte efter te litten griist my oan.  

En dan noch de buorren om ùs hinne.

Troch de jierren hinne ha wy meielkoar hiel wat meimakke; skiedingen, berten en ferstjerren.

We binne mei elkoar fergroeid.

De buert is yn de ôfrûne jierren hurd feroare. Jonge minsken binne kaam en âlden ferdwûnen. Flechtelingen ùt ferskate hoeken fan de wrâld ha hja ta wenjen set.

Wylts it frommeske entûsjast de iene wente nei de oare sjen lit rinne wy efter har oan. We sjogge mekoar es oan  sûnder wat te sizzen .

"We  hebben het hier heel gezellig. We gaan vanavond met de bus ergens ijs eten. Ook hebben wij Bingo-avonden met leuke prijzen." giet se mei fjoer fierder.

Nei dat wy ôfpraat hawwe om kontakt te hâlden geane wy op hûs oan.

"Wat seit mem er fan?" seit de soan. 

"Ik wol der dea net lizze." sis ik.

Hy moat laitsje.

Anonym

troch Posted on 0 Comments 0 min read 455 views

Naamloos-1"Nea wer fremde telefoantsjes oannimme, sawol mobyl as fêste, hear!" warskôge de soan.

Mar wa is dy jinge dy t skillet freegje ik my ôf. Ik kom ùt in tiid dat wy nei it postkantoar moasten om te skiljen as om telefoan te krijen. Dan wie it  hiele doarp al op `e hichte as wy besite krigen, noch foar wy it  sels wisten.

De tiden binne gelokkich feroare mar dat eltsenien jo mar skilje kin , betroud as net  moat  jo mar oannimme.

Sa waard ik okkerdeis skille troch in simpatyk minske. Se frege my hûnderd ùt mar wist alles al; âlderdom, wenplak, postkoade en sa fierder. "Wer giet it om?" koe ik er noch krekt tusken krije.  

"Ik ben van het Leger des Heils." seit se. Ik hie alles wat oermakke want ik ha grut respekt foar dy lju. Mar se hâld mar oan. Hoe goed wurk  as sy dienen. Doe frege hja nei myn rekkennûmer en ik krige argewaasje. Ik sei; "Dat hawwe  jimme dochs al?" "Ja maar wij zijn van een andere tak van het Leger." sei se.

Myn betrouwen yn it minske hat wers in flinke dûk oprûn.

De oare deis krige ik jild werom fan myn provider; der wie in anonyme beller west en dat hat mij jild koste sûnder dat ik it yn de gaten hie.
Anonym ... Oplichterij is fan alle tiden.

Kin dat wol?

troch Posted on 1 Comment 0 min read 634 views
bah"Kin dat wol?" sis ik tsjin myn soan.

Sa as in hiele soart minsken sitte wy beide op Facebook. En sa kom ik him wol gauris tsjin en tink dan; 'Dat hiest wat oars sizze moatten.' Mar ik hâld my wiislik stil. Ik moat my net bemuoie mei syn dwaan en litten.

Mar somstiden kost it my muoite. Ik kom ùt oare generaasje wer`t wy wat oars mei elkoar yn petear giene.

Mar under it mom fan frijheid fan it wurd mei alles sein wurde hjoed-de-dei.

Fanne wike kamen wy elkoar wer es tsjin, in knap stikje hie der skreaun, mar de toan der fan stie my net oan. Doe ik er hoeden wat fan sei wie syn kommentaar; "Mem sjocht it ferkeard. Ik lokje in diskusje ùt. Figuerlik besjoen is Facebook in kroeg wer`t jo mekoar moetsje en diskusearje."

"O," sis ik; "wurket it sa?" en tink er it mines fan. We fersteane inoar en witte wat wy oaninoar hawwe. Dat skeelt.

Mar ik bliuw sizzen; "Kin dat wol? Hiest dat ek oars sizze moatten?"

Mar ja... tiden hawwe tiden ...

Pinkstergeast

troch Posted on 1 Comment 1 min read 501 views

tumblr_mu1sc4YtI61sgosfro1_400Ik stean mei myn skoeter al in dik heal oere te wachtsjen foar de rotonde om oer te stekken. Rijen auto`s passearje my en behinderje my it utsicht.

Dan ynienen sjoch ik dat tsjin oer my twa grutte donkerkleurde mannen de wei oprinne, dwers troch it ferkear hinne.

De iene giet lofts stean en de oare rjochst. Hja meneuvelje nei de bestjûders dat hja stopje moatte sa dat ik er lâns kin. De hiele wei is foar my allinnich.

As wie ik in belangryk persoan, sa ryd ik feilich troch it ferkear hinne. Mei in hoflik gebear meitsje se  my dùdlik dat ik oerstekke kin.

Tankber hâld ik in hân omheech en rop yn it foarbygean; "Tanke wol, Danke en Thanks!" want wer komme  dy lju wei? We wiuwe nei mekoar.

De Pinkstergeast, dat is begryp hawwe foar elkoar. Ek as is it in fremdeling oanbelanget.

Gjioeie, Mem!

troch Posted on 1 Comment 0 min read 430 views

Denderen-Ad-van-2000-02_Spanje-Punta-Paloma-1918x1220

"Gjioeie, mem!" ropt er. Ik sjoch om. "Gjioeie, mem!" ropt er noch es.

In jonge fan om en de by de tweintich giet foar my stean. It is dùdlik in bûtelanner, hy hat in ynnimmend gesicht.

"Goeie." sis ik; "En net gjioeie en ik bin ek dyn mem nèt."

"Ik op Friese les." seit er grutsk. Ik jou him in komplimint mar sis: "Kinst better earst Nederlânsk leare. Der kinst fierder mei komme." "Ik woon hier." seit er; "En dan wil ik taal leren."

Ik winskje him sukses en we jouwe inoar de hân.

Letter op `e dei stean ik foar de kassa yn in lange rige; it is drok.

It is ommers gau Sinteklaas.

Foar my stiet in âldere man, hy moat betelje mar wit net hoe as it moat. Hy begrypt net wat de kasjêre bedoeld.

It is dùdlik in flechteling, kin de taal net en wit noch net mei it pinkoade kaartsje om te gean.

Nei dat er betelle hat wol der fuort rinne mar ferjit it kaartsje ùt it apparaat te heljen.

"Hjir," sis ik; "tink er om; altyd by dy hâlde."

Djip respekt ha ik foar dizze lju dy alles efterlitte moatte om yn in poer frjemd lân hja libben wer op te pakken.

"Gjioeie, mem."

Loslitte

troch Posted on 0 Comments 0 min read 471 views

paragliding-o"Goeie." seit er; "Oant oer twa wike." En fuort is hy, swier bepakke, mei tweintich kilo guod op de rech.

"Silst net te heech fleane!" rop ik noch mar it antwurd ferwaaid om ùs hinne. Hy sil nei India mei in grutte ynternasjonale Paraglidersgroep.

Jûns krije wy berjocht; "Ik bin op Londen Airport, moat in oere wachtsje en dan oerstappe nei New Delhi."

"Ik fertrouw dat lân net." seit myn man. "Werom net?" freegje ik; "It is in prachtich lân."

En sa giet it petear tusken ùs beide in skoft troch. Wy hawwe beide muoite mei loslitten mar wol it fan elkoar net witte.

"Der is in fleantùch delhelle yn de woestijn fan de Sinai." seit er; "Soene dy lju ek aktyf wêze yn India?"

"Geweldich, mem! It is hjirre super! It is san moai lân!" seit de e-mail.

"Moai jonge." sis ik; "Slach dyn flerken mar ùt. Wy folgje dy."

Loslitte. Jildt dat net foar it hiele libben?

12208666_934447416630537_3771937378028259902_n

Selsstannigens

troch Posted on 2 Comments 0 min read 511 views

Naamloos-2

'Ik moat stelsstannich wêze," seit se; "dat hat de soan sein."

Ik bin op bisite by goed kunde. Se is al op leeftiid mar noch goed by de pinken. Har man is wat âlder en is oan it deminteren. Him kin se neat mear freegje.

"Sa moast ik de meterstannen opjaan mar ik wist net wert ik yn de tsjustere kast wêze moast." giet se fierder; "Dan mar efkes de soan skilje. Hy joech my geduldich oanwizingen mar it slagge my net."

"Dy selde wike hie ik in akkefytsje mei de soarchfersekering. Dy lju dy`t jo oan de telefoan krije hawwe it drok en ha gjin tiid foar âlde minsken." 

"Ik bin lid fan de Anbo mar dy lju binne fremd foar my."

"Doe kaam er foar my in fremde man by de doar. Hy woe wol ùs boekhâlding dwaan sei er. Dat like my net sa goed ta der ha ik gau mei ofweeft."

"Mem moat har sels rêdde. Sa lang mooglik selstannich bliuwe. Ik wol mem bêst helpe mar earst sels besykje dat hâld mem skerp."

Ik ha mei har te dwaan. Hoefolle âlderen binne er hjoed-de-dei net dy it der dreech mei hawwe?

Selsstannigens ...

Hoefier giet soks?