Wer wiene se….

“Wat wiene der in protte  minsken net?” seit se.

Se hie har man al jierren allyn ferlen mar hjoed is hy te hôf brocht op it tsjerkhôf fan syn bertedoarp.

Al in skoft fernaam se dat it net mear wie sa as it altyd west hie. Hy begryp  har net mear. Se hiene altyd mar in heal wurd nedich, somstiden in knypeachje.

Hja wiene ien fan geast, tochten oer ferskate dingen ferskillend. Mar dochs kamen se altyd wer byinoar. Hja hiene beide in hiele oare eftergrûn mar respektearren elkoar. Want se hâlden ommers fan inoar.

Hy kaam altyd foar har op en sy foar him, somstiden wiene se it net mei inoar iens.

Mar de lêste tiid kamen der wurden en argewaasjes. Sy fersette har der tsjin. Woe dat net, se hiene it dochs altyd goed hân?

Se begon de djipgeande petearen te mijen en hâld it by opperflakkich praat. De freonen bleuen wei, se waard iensum. En do kaam er unferwachts it ein.

“Wat wiene der in protte minsken net?” seit se.

“Mar wer wiene se do ik harren it hurdst nedich hie …?

Diele mei:

One Comment on “Wer wiene se….

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Wer wiene se…. | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien