Bisten en sa

Batterijen

troch Posted on 0 Comments 0 min read 159 views
giphyHawwe jimme wol es tocht hoefolle apparaten wy sa stadichoan oplade moatte? Mobyl, tablet, skeerapparaat en noch folle mear ark.

Mar wat binne se handich! We kinne er net mear sûnder, miene wy. Mar jo moatte der wol optiid by wêze oars binne se dea en jo hawwe er neat mear oan.

En dat gefoel oerkomt my ek wol es, dat myn batterij leech is. Der binne soms dagen dan wol it net. ‘Wêrom sil ik my drok meitsje?‘ tink ik dan.

It selde wurk komt alle dagen wêrom… wat hat it allegearre foar nut? De dagen rige har oanelkoar en en de batterij laat net mear op.

Ik sjoch nei bûten en sjoch in Klyster yn in panne wetter baaien. Wyld giet it er om ta. Kopke ûnder en maar wer kopke ûnder, de fearren wurde ien foar ien neisjoen.

Ynienen tink ik by my sels; ‘Hy moat dat dochs ek eltsedei dwaan? Wêrom kin ik dat dan net?

Myn batterij is wer fol. Ik kin de wrâld wer oan. Tankje Klyster!

Batterijen …

Bisten

troch Posted on 1 Comment 0 min read 169 views
vensterbankJimme moatte wer in bist ha.” seit de soan. “Mar,” sis ik; “we binne noch yn `e rouwe fan ùs Max.

Dan is it krekt goed. It feravensearret wat.” seit er.

En sa gean ik mei mingde gefoelens nei`t Heerveld, in asyl yn Lùnbert.

It is in prachtige modern gebouw wer`t →

bisten yn skjinne hokken sitte en alle romte hawwe om hja te ontjaan.

Ùt ferskate hokken wurde wy opsedearre. De iene kat krûpt deabenauwd efterien en de oare sit deun tsjin it gaas oan. Ek is er ien dy yn syn kuorke bliuwd en my ûnfersteurber oansjocht. Jo kinne oan syn hâlding sjen; ‘Dit wurd dochs neat!

Dy moat it wurde.” sis ik. Dy gefoelens dy sy hat werken ik wol; dy ha ik somstiden ek fan. ‘Dit wurd dochs neat.’

Nei dat wy oerien kaam binne en de papieren ynfollet hawwe geane we nei hûs. Dea stil sit se yn ‘e koer en sjocht my strak oan. Wy sille der tegearre in sukses fan meitsje ûnthjit ik har.

Bisten …

Gurbe

troch Posted on 1 Comment 0 min read 262 views
gurbeAl dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

Wat krije we dan?” frege  ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.

Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.

Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in ‘Gurbe’ west …

Ach… Krysttiid 1944.

De beamgrins

troch Posted on 9 Comments 1 min read 299 views

boomgrensWat wenje jim hjir moai., sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde.

Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar.

Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht op in breed wetter dat bytiden wyld oer de wal hinne klotst.

Ik kom alhiel ûnder yndruk thus fan wat ik sjoen ha.

“Ik wol ferfarre.” sis ik tsjin him.

Fernuvere sjocht hy my oan. “En do mochtst sa graach hjir wenje.” seit er ferheard. “Ja mar altiid simmers dy tùn. En dat ûnderhâld, it wurd my te dreech.” bring ik der tsjin yn. Ik sjoch yn gedachten it klotsende wetter, de loften, dy rikke oant de fierste kime.

Ik sit yn `e tùn en sjoch ynienen it Klysterpearke kuierjen. Dizze maityd ha se har nêst hân yn in âlde spjirrebeam. De twa grize dowen dy in LAT-relaasje hawwe. Roeken dy sljocht  binne op myn pankoeken.

En dan noch yn `e maityd de ferskate nêsten fan it lytse fûgeltsjeguod en ik de hiele dei as in ME-er efter de katten fan de buert oansitte moat.

Ik wit it nò fêst; ik bliuw ûnder de beamgrins.

Elkoar nedich

troch Posted on 0 Comments 1 min read 214 views

DSCN0469-bewerktMax en ik sitte by de fèdokter, de wachtromte is grotfol.

Grutte en lytse hûnen lizze mekoar opservearjend oan te sjen. In knyn krûpt djip wei yn de tas fan syn frou. Der neist sit in kat mei ùtstutsen neils klear om ta te slaan.

In grutte man neist my hat in lyts hûntsje yn syn binnenbûse. De man hat it dreech; it hûntsje moat ôfmakke wurde, it is misfoarme. Ik jou him in bûsdoek en ha mear begrutsjen mei de man as mei it hûntsje.

In ôfgryselike grutte hûn wurd troch de Biste Ambulânse nei binnen brocht; hy is oanriden.

In man stiet by de baalje en moat ôfrekkenje. Der ûntstiet wat argewaasje want de man kin net betelje, de assitinte treft in regeling. In jonkje komt skruten nei foaren mei in Roek mei ien poat.

It komt my foar as bard hjir mear illinde as op it nijs.

Max syn namme wurd roppen. Sûnder eangst stapt hy op de fèdokter ôf.

Wat zijn de klachten?” freget se him. “Hy kriget oerhalen.” antwurdzje  ik; “En allinnich yn `e nacht as hy pisje moat.” “Het is een oude man. Dat komt vaker voor bij oude honden.” seit se. “Ik geef hem een pilletje voor de nacht. Daar wordt hij slaperig van.

Wat moat in minske sûnder bist en in bist sûnder minske? betink ik my.

Hja hawwe elkoar nedich, tink ik …

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien