Max

“Kom jonge, we moate der efkes ùt.” sis ik tsjin de hûn. Hy leit lang ùt op it flierkleed yn in stripe sinne.De kop komt efkes omheech en lit him dan wer falle. Hy wurd âld en min te rissen. Dôve as in kwartel, oan myn meneuvels sjocht hy wat er barre moat.

Santsjin jier ferlyn haw wy him ùt Jobbegea helle. De frou stie deis op rommelmerken en hie gjin tiid foar bisten. Noch gjin jier âld en al fjouwer bazen hân. “Hy rint altyd fuort.” sei se.

En sa is hy yn ùs libben kaam en nea fuort rûn.We hawwe yn dy jierren in soart meielkoar meimakke.Fertrietlike en moaie mominten sa as it yn in minske libben giet.

Max is in minskehûn, hy is altyd bliid en kin mei eltsenien opsjutte. Mar hy hat sa syn foarkar. Ien kear hat hy in donkere man yn `e broek hong. En blinegeleide hûnen hat er de pest oan. Beheinde minsken hat er it ek net opstean wylts wy him grutbrocht hawwe mei leafde foar alles wat libbet.

Ik bin my er fan bewust dat er oan dit hûnelibben in ein komme sil en dat sil in drege sile wurde. Oan wa moat ik dan myn emoasjes kwyt  en wa begrypt my sûnder in wurd te sizzen?

“Giest mei?” sis ik en til him op.

Dy Max.

max

4 Comments on “Max

  1. Moai, tante Wokke, ik hoopje dat Max noch in skofke yn jimm’ libben weze mei…

  2. Pingback: Elkoar nedich | Tiden hawwe Tiden

  3. Pingback: Fyftich euro | Wolkom op Wokke's Plak

  4. Pingback: ~tiden hawwe tiden~

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien